It Histoarysk Sintrum Ljouwert
It Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL) is frij en fergees tagonklik foar eltsenien dy't wat witte wol oer de skiednis fan Ljouwert en omkriten. Jo kinne sels ûndersyk dwaan, eksposysjes besjen, yn it ynformaasjesintrum sneupe en aktiviteiten bywenje dy't it HSL geregeld organisearret. It HSL bewarret dokuminten oer Ljouwert en Ljouwerteradiel, lykas argiven, foto's, printen, stedsplattegrûnen en boutekenings. Der is in grutte bibleteek en in samling films. It HSL beheart ek de gemeentlike keunstkolleksje en it tichteby lizzende Pier Pander Museum.
Ynformaasjesintrum
Hânbibleteek en sithoeke
By de sithoeke en op de Ferdjipping fine jo in frut ferskaat fan boeken en tydskriften, dêr't jo safolle as jo wolle yn sneupe kinne. Der binne neislachwurken op it mêd fan skiednis, genealogy en besibbe skiednis. De rest fan de bibleteek fan sa'n 15.000 titels, ynklusyf in samling printwurk, kranten en mear as achthûndert tydskriften, kinne jo fia de kompjûter opfreegje. De katalogus fan de bibleteek kinne jo ek thús fia de webside fan it HSL rieplachtsje. Yn 'e fitrines by de hânbibleteek binne wikseljende presintaasjes te sjen oer ûnderwerpen dy't mei Ljouwerter boarneûndersyk te krijen haww.
Begjinnend ûndersyk
Wolle jo doelrjochte ûndersyk dwaan nei in beskaat ûnderwerp, dan makket in HSL-meiwurker jo paadwiis. Dêrnei kinne jo mei jo ûndersyk út ein sette. By in grut histoarysk ûndersyk rikkemandearje wy jo oan en lis yn 't foar oer mei de koördinator tsjinstferliening. Jo kinne tsjin betalling ûndersyk dwaan litte. Geregeld is der fergees sprekoere foar begjinnende stambeamûndersikers. Wat langer wat mear ynformaasje is beskikber op ynternet. Op de webside fan it HSL en op http://www.archieven.nl/ kinne jo digitale ynventarissen op trefwurd of namme trochsykje. Foar it sykjen nei foto's en oar byldmateriaal is http://www.beeldbankleeuwarden.nl/ ûnmisber.
Tagongen
Op de lêstafels lizze mappen mei it oersjoch fan de oanwêzige argiven en samlings. De byhearrende ynventarissen en katalogussen steane yn de kasten by de sydmuorre lâns en binne gauris ek digitaal beskikber. Gâns boarnen binne tagonklik makke troch alfabetyske yndeksen en systematyske ynhâldsopjeften, koartwei klappers. Klapperoersjoggen lizze ek op de lêstafels. De measte klappers steane op nûmer yn de kasten. In stikmannich klappers kinne jo allinnich fia in meiwurker fan it ynformaasjesintrum ynsjen, in tal is digitaal beskikber.
Mikrofysjes en oare duplikaten
De meast brûkte en kwetsberste stikken binne kopieard, op mikrofysjes set of digitalisearre, lykas de befolkingsregistraasje, boutekenings, de Ljouwerter Krante, foto's en printen, it rjochterlik argyf en argyfmateriaal fan it stedsbestjoer. Fotokopyen fan de doop-, trou- en begraafboeken, boarneútjeften en mikrofysjes steane efter yn it ynformasjesintrum opsteld. Jo meie de mikrofysjes sels út de laden krije en yn 'e lêsapparaten besjen. Nei gebrûk set in meiwurker de mikrofysjes wer werom. Sjoch ek it mikrofysjeoersjoch.
De Ferdjipping
Op De Ferdjipping (de fide) fine jo sitplakken en de readers foar de mikrofysjes. Yn de boekekasten is in eftergrûnkolleksje mei tydskriften te finen. De fide is ek gaadlik foar groepsûndersyk. Orizjinele argyfstikken meie net rieplachte wurde.
Stikken opfreegje
Foardat jo fia de kompjûter orizjinele stikken opfreegje kine, registrearje jo jo by de baalje fan it ynformaasjesintrum. In meiwurker bringt de stikken binnen in kertier nei it ynformaasjesintrum. Dokuminten dêr't in duplikaat fan beskikber is, kinne meastal net mear ynsjoen wurde. Yn ferbân mei de Wet Beskerming Persoansgegevens en de Argyfwet kin op resinte argyfstikken in iepenbierheidsbeheining lizze. Under bepaalde kondysjes - bygelyks foar wittenskiplik ûndersyk- kin hjir fan ôfwykt wurd. Der moat dan wol ûntheffing oanfrege wurde. Argyfstikken of oare dokuminten kinne net liend wurde.
Stikken rieplachtsje
Wy ferwachtsje dat jo hoeden mei de orizjinele stikken omgeane. Brûk in potlead en lis dat altyd neist de stikken. Foar it rieplachtsjen fan stikken fan foar 1900 en oare kwetsbere stikken brûke jo moffen. De oardering fan de rieplachte stikken moat bliuwe sa't er wie. Hâlde jo jo net oan de regels, dan meie jo gjin stikken mear ynsjen. Eventuele skea moat fergoede wurde. Der is kamerabewaking.
Kopiearje en fotografearje
Orizjinele argyfstkken fan foar 1900 kinne jo net kopiearje, mar wol (sûnder flits) fotografearje. Der is in statyftafel mei beljochting oanwêzich. Argyfstikken fan nei 1900 meie inkeld nei oerlis mei de meiwurker fan it ynformaasjesintrum kopieard wurde. Mei de readerprinter meitsje jo fotokopyen fan mikrofysjes. Boeken en tydskriften kinne jo sels kopiearje. Byldmateriaal mei net fotografearre wurde. Jo kinne reproduksjes bestelle fia http://www.beeldbankleeuwarden.nl/. Foar it publisearjen fan ôfbyldings moatte jo tastimming freegje oan de gemeenteargivaris.
Klachteformulier en besikersreglemint
As jo fan betinken binne dat it HSL him tsjinoer jo net korrekt hâlden en droegen hat, kinne jo in klacht yntsjinje. Klachteformulieren binne by de resepsje te krijen en binne ek digitaal beskikber op 'e webside fan it HSL. It besikersreglemint leit op besjen by de ynformaasjebaalje en stiet ek op de HSL-webside.
Publyksfasiliteiten
Resepsje en winkel
By de resepsje kinne jo terjochte foar algemiene ynformaasje. Allerhande boeken oer Ljouwert en sûvenirs binne dêr ek te keap. Folders binne fergees.
Garderobe en toiletten
Yn de gong efter de resepsje fine jo de toiletten, de garderobe en de bagaazjeklûzen. Jassen en tassen meie net mei nei it ynformaasjesintrum.
Sêre
Yn 'e sêre is it kafee, dêr't jo gesellich sitte kinne as jo wat ite of drinke wolle. Ut de automaten binne kâlde en waarme dranken te krijen.
Eksposysjes
Der binne twa eksposysjeromten. Lofts fan de gong fine jo de fêste útstalling Het verhaal van Leeuwarden. De eksposysje jout in byld fan de skiednis van Ljouwert fan it ûntstean ôf oant no ta. Op grutte byldskermen sjogge jo trijedimensionale animaasjes fan de ûntjouwing van de stêd, de Grutte Tsjerke om 1300 hinne en nei 1578 en de Brol yn de Gouden Ieu. Rjochts fan de gong wurde wikseljende eksposysjes holden. Gauris binne der ek yn de oare publyksromten útstallings of presintaasjes. Wanear't it HSL iepen is binne dy sealen tagonklik, útsein wannear't der oare edukative of publyksaktiviteiten binne.
Films en lêzings
Yn de Eekhoffseal (it auditorium) kinne jo geregeld histoaryske films besjen. Lêzings binne der ek geregeld, sawol oerdeis as jûns. De Eekhoffseal is sletten foar publyk as dêr kursussen, kongressen, symoasia en oare byienkomsten binne.
Gearkomsten en bedriuwsûntfangsten
Foar in bysûndere ûntfangst biedt it HSL jo in sfearfolle en spesjale lokaasje, oft it no om in selskip van tweintich of fan hûndert persoanen giet. De Hendrik ten Hoeveseal is benammen ornearre foar ûnderwiisprojekten, fan basisskoalle oant universiteit. Der is plak foar tritich persoanen. Byienkomsten fan histoaryske wurkgroepen wurde dêr meastal holden. Yn de Eekhoffseal is plak foar 120 besikers en dêr binne de gruttere publyksaktiviteiten.
Rûnliedings
Foar groepen organisearret it HSL spesjale rûnliedings troch it gebou.
Iepeningstiden
Tiisdei o/m freed fan 10.00 oant 17.00 oere
Sneons en sneins van 13.00 oant 17.00 oere