AA | Grafies
Nederlands | Frysk | English

Bibleteek

Nei de digitale katalogus.


Sinds juli 2003 werd er gewerkt aan de digitalisering van de HCL-bibliotheekcatalogus. Dit project is nu afgerond. Ruim 13.000 titels zijn nu beschikbaar. Ze zijn te raadplegen via de links op onze website.


Sûnt july 2003 waard der arbeide oan de digitalisearring fan de HSL-bibleteekkatalogus. Dit projekt is no ôfrûne. Mear as 13.000 titels binne no beskikber. De ynfierde titels binne te rieplachtsjen fia de links op ús webside.


Stedsbibleteek, 16e ieu-no, s.700 m.
Katalogus: R. Visscher, Catalogus der Stedelijke Bibliotheek van Leeuwarden (Den Haach 1932).

De Stedsbibleteek is sûnt 1838 opboud om it restant fan de âlde magistraatsbibleteek hinne. By it oant en mei 1931 sammele bestân, beskreaun yn de printe katalogus-Visscher, falle benammen twa ôfdielings op: wurken fan persoanen dy’t yn Ljouwert berne binne of der wenne hawwe en oant 1850 alle boeken dy’t yn Ljouwert printe of utjûn binne. It net yn de katalogus-Visscher beskreaune (letter oanskafte) part fan de bibleteek foldocht oan de kritearia fan de ynstitutsbibleteek, in bibleteek dus, suver yn tsjinst fan it argyfûndersyk.

De bibleteek omfiemet: Manuskripten, 16e-19e ieu, 5 m.; Nijs- en adfertinsjeblêden, 1752-no, 100 m. (foar in part yndeksearre op Ljouwerter ûnderwerpen); Oare periodyken, 1671-no, 175 m. Neislachwurken, monografyen en oare boeken, 16e ieu-no, 400 m.; Printwurksamling, 18e ieu-no, 20 m. Bibleteek Dominikanenstaasje, 17e-19e ieu, 2 m.

Foar de tagonklikens fan de bibleteek útsein it lêstneamde part is de katalogus-Visscher noch hieltyd gaadlik. Derneist binne foar it folsleine bestân in haadwurden- en trefwurdenkatalogus yn bewurking, dy’t ek yn de lêsseal te rieplachtsjen binne. De nijsblêden en periodyken binne folslein ferwurke yn de alle jierren troch de Centrale Bibliotheekdienst yn Fryslân utjûne Periodykenkatalogus.

Fan 1 juli 2003 ôf is út ein set mei it digitalisearjen fan de HSL-bibleteekkatalogus. Der binne oant no ta rom 9.000 titels fan nei 1950 ynfierd. Dizze titels binne no al te rieplachtsjen fia it netwurk fan iepenbiere bibleteken yn Fryslân. It leit yn ’e bedoeling, dat de tige weardefolle HSL-kolleksje - sa’n 15000 titels - yn septimber 2006 ynfierd wêze sil. Sjoch hjirre foar de digitale HSL-katalogus.

Klik hjir foar mear ynformaasje oer de Tydskriftenkatalogus op dizze website



Werom

 



STREEKRJOCHT NEI: