AA | Grafies
Nederlands | Frysk | English

Ferslach sechte gearkomste Besikersrie HSL 27 maaie 2003

Oanwêzich: Ad Fahner, Jan Folkerts, Minne Hoekstra, Otto Roemeling (foarsitter), Tineke Slof, Jan van der Woude, Klaas Zandberg (skriuwer).
Ofwêzich: Michiel Francot en Herman Maring.


1. Foarige ferslach:

  • Gjin opmerkings.


2. Meidielings fan it HSL:

  • Personiele oangelegenheden: der binne in skoftke lyn fjouwer nije (dieltyd-)meiwurkers oannommen. Hesther Postma (meiwurker lêsseal/tsjinstferliening), Janneke Visser (kolleksje- en gebouwebehearder) en Karin v.d. Woude (resepsjoniste-tillefoniste) binne yntusken begûn. Yteke v.d. Vegt (edukatyf meiwurkster), sil op 1 augustus begjinne.
  • Ljouwerter Histoaryske Aktiviteiten: i.g.m. Aed Levwerd wurdt, sa as stadichoan gebrûklik wurden is, in oantal lêzings, ekskurzjes, stedskuiers en rûnliedings organisearre. Op 15 juny sil de twadde ’Liwwadderdag’ plak fine. Leovardia nr. 11 komt meikoarten út.
  • Jier fan de Boerepleats: mei û.o. monumintesoarch en myljeu-edukaasje fan ’e gemeente wurde ferskate aktiviteiten organisearre, benammen yn de Ljouwerter doarpen. Sa binne inkelde doapskuiers útstippele, dy’t ek op papier komme. De Iepen Monumintedei stiet dit jier yn it teken fan pleatsen yn ’e omkriten fan Wytgaard.
  • Ynventarissen: de presintaasje fan de ynventaris fan it argyf fan it gemeentebestjoer oer de perioade 1942-1971 fynt moarn plak. De nije ynventaris fan it argyf fan it Sint Anthony-gasthûs wurdt yn septimber presentearre.
  • Utstallings: ‘pleatsen om Ljouwert hinne’ (útstallingsromte HSL) rint noch oant heal septimber. Eksposysjes fan foto’s fan Dick van der Heijde (yn Bibleteek Ljouwert) en om de tema’s ‘wetter’ (yn de Frieslandbank) hinne binne yn tarieding.
  • 500 jier haadstêd yn 2004: de gemeente hat besletten middels ta beskikking te stellen foar aktiviteiten om dit heuchlike feit hinne. It HSL sil mei útjouwerij Waanders fan novimber 2003 ôf in populêre skiednis fan Ljouwert yn moanlikse ôfleverings fersoargje. Der komme ek ekstra aktiviteiten om de Iepen Monumintedei hinne, dy’t yn 2004 as tema krijt ‘wenhuzen fan ferneamde Ljouwerters’.
  • Webside: fan ein april ôf is de alhiel fernijde webside fan it HSL on-line. Tagelyk binne tûzenen âlde foto’s, printen, printbriefkaarten en boutekenings digitaal beskikber kommen fia www.beeldbankleeuwarden.nl. Dizze byldbank wurdt gemiddeld ien kear yn ’e moanne oanfolle. De rieplachtberens fan ’e boutekenings sil meikoarten ferbettere wurde. Der wurdt reklame makke fia de kabelkrante fan Lokale Omrop Mercurius. Mooglik krijt Mercurius meikoarten (wer) in grutter berik.
  • Gearwurking mei bibleteek Ljouwert: it HSL sil mear gearwurkje mei de bibleteek. Net allinne sille lêzings en útstallings yn ’e nije multy-funksjonele romte fan ’e bibleteek hâlden wurde, mar ek is der in plak ynrjochte dêr’t digitale bestannen fan it HSL rieplachte wurde kinne. Moarn wurdt de fernijde multy-funksjonele romte feestlik iepene.


3. Belied:

  • Besunigings lykje (foarearst) by it HSL lâns te gean.
  • In plan ta werhúsfesting of (foar in part) nijbou mei yngong fan 2005 is yntusken yn prinsipe goedkard troch it gemeentebestjoer. ‘Ienfâldich en doelmjittich’ is dêr it motto by.
  • Krektlyn hawwe de Kolleezjes fan B. & W. fan Ljouwert en Ljouwerteradiel tegearre in besyk brocht oan it HSL. Dizze besite liket it draachflak ferbrede te hawwe.


4. Ferbettering tsjinstferliening:

  • Iepeningstiden: der is noch gjin beslút nommen yn ferbân mei nije iepeningstiden. De útslaggen fan it marketingûndersyk, dy’t yn septimber ferwachte wurde, sille nei alle gedachten neat sizze oer iepeningstiden. Oare kulturele ynstellings yn Ljouwert lykje gjin ferlet te hawwen fan ôfstimming op elkoar. Inkelde leden fan de besikersrie hawwe harren efterbannen (NGV en Genealogysk Wurkferbân) rieplachte oer winsken dy’t de iepeningstiden oanbelangje. Fan sneinsiepening liket net ien ferlet te hawwen; fan iepenstelling op sneon mar in pear minsken. Faaks moat de moandei wer by de diskusje belutsen wurde? Nije iepeningstiden sille nei alle wierskyn mei yngong fan 1-1-2003 ynfierd wurde.
  • Meubilêr: der is yntusken in ferstelbere stoel (ornearre foar besikers mei reachklachten) yn ’e lêsseal pleatst.
  • Kopiearje: der binne nije fotokopiearapparaten oanskaft. Op ’e lêsseal stiet yntusken in apparaat dêr’t besikers sels mei kopiearje kinne.
  • Logistyk: it heljen/bringen fan argyfstikken is noch fierder ferbettere.
  • Drankeäutomaat: yn ’e hal stiet sûnt in pear moanne in nije drankeäutomaat. It apparaat foldocht goed.
  • Ynformaasjeblêden: der binne nije ynformaasjeblêden en ek in klachteformulier makke.
  • Gegevensbestannen: der binne okkerdeis wer in stikmannich nije gegevensbestannen mei gegevens út argyfboarnen klear kommen. Meikoarten sil ien en oar ek fia de webside te rieplachtsjen wêze.


5. Omfreegjen:

  • Jan van der Woude: is der wat mis mei de nije webside? It slagget Jan net altiten ien en oar goed op it byldskerm te krijen. It probleem liket net by it HSL of de gemeente te lizzen.
  • Tineke Slof: sykje yn de ferskate gegevensbestannen op ’e webside is bytiden yngewikkeld. Kin der miskien in gebrûkerskursus organisearre wurde? Mooglik. Boppedat binne op ’e webside (foar elts ôfsûnderlik gegevensbestan) al gebrûkershândliedings te finen.
  • Otto Roemeling: binne der plannen om leges te freegjen foar it gebrûk fan ynternetgegevens? Gegevensbestannen op de webside fan it HSL bliuwe yn elts gefal fergees te rieplachtsjen.
  • Is er noch nijs oer de Eekhoffpriis? It reglemint is sa wizige dat ek publikaasjes yn oanmerking komme. Dit jier soe de priis wer útrikt wurde moatte.
  • Hat it HSL ek plannen om eat te dwaan om it boek fan ús âld boargemaster hinne? Nee.


6. Folgjende gearkomste:

  • 28 oktober, 17.00 uur op it HSL.

 



STREEKRJOCHT NEI: