Yn febrewaris 2002 is der in besikersrie oprjochte. Doel is it publyk mear te belûken sa’t it rydt en fart by it HSL. De rie komt trije of fjouwer kear byelkoar en jout advys oan de lieding fan it HSL, yn it foarste plak oer de tsjinstferliening. Gearkomsten en stikken binne iepenbier. De measte kategoryen besikers binne fertsjintwurdige yn de rie, dy’t út in achttal leden bestiet. Foarsitter is Ad Fahner. Ek jo kinne fragen en opmerkings trochjaan oan de besikersrie fia it e-mailadres fan it HSL.