AA | Grafies
Nederlands | Frysk | English

Doarpen yn de gemeente Ljouwerteradiel

Wat wy no Ljouwerteradiel neame, is inkeld it noardlik part fan wat eartiids mei dy namme oantsjut waard.

Foar 1944 hearde by de gemeente Ljouwerteradiel ek it súdlike part fan de tsjintwurdige gemeente Ljouwert, mei de doarpen Wurdum, Wytgaard, Huzum, Goutum, Swichum, Himpens en Tearns en ek noch de doarpen Lekkum, Miedum en Snakkerbuorren. Noch fierder tebek, oant yn de fyftjinde ieu, hearde sels it stedsgebiet fan Ljouwert by Ljouwerteradiel.

By it gearfoegjen yn 1435 fan " Oldehove"," Nijehove" en "Hoek" ta de stêd Ljouwert, ferlear de doetiidske gritenij Ljouwerteradiel harren middendiel. De dielen waarden trimdielen neamd, wat net oars betsjut as tredde diel. Sûnt 1 jannewaris 1944 omfiemet de gemeente Ljouwerteradiel de doarpen Stiens, Jelsum, Koarnjum, Britsum, Finkum, Hijum en Alde Leye.

De ynventaris op de argiven fan it grietenij- resp. gemeentebestjoer fan Ljouwerteradiel is foar it grutste part online te rieplachtsjen by Friesarchiefnet.

Sjoch hjirre foar acht ieuwen skiednis fan Ljouwerteradiel
Sjoch hjir foar in oersjoch fan grytmannen en boargemasters fan Ljouwerteradiel (1242-hjoed de dei)

Oare links:

s

 



STREEKRJOCHT NEI: