Nijjiersslokje histoarysk Ljouwert
It koe fansels net útbliuwe, de útnoeging foar it geselligste nijjiersslokje fan Ljouwert. It is wer safier op 9 jannewaris 2008. Foar de sânde kear op in rychje organisearje de Ljouwerter Histoaryske Feriening Aed Levwerd, it gemeentlik buro Monumintesoarch en it Histoarysk Sintrum Ljouwert (ek in ûnderdiel fan de gemeente Ljouwert) it tradisjonele nijjiersslokje, sa as bekend hieltyd op in oare lokaasje. Ditkear is dy lokaasje net sa ferrassend, want wat lei mear yn de reden as dit evenmint plakfine te litten yn it koartlyn iepene nagelnije Histoarysk Sintrum Ljouwert oan de Grienewei.
Sa as wenst is elkenien wolkom dy't him belutsen fielt by de skiednis fan ús stêd. Tidens dit barren binne de publyksromten fan it HSL frij tagonklik, mei útsûndering fan de eksposysjeromten dy't yn ferbân mei de te ferwachtsjen grutte oanrin ticht bliuwe.
Fansels sil koart stilstien wurde by it rûzige jier 2007 en by de plannen foar 2008 fan de trije dielnimmende organisaasjes en foar it oare is it yn it foarste plak in noflike gelegenheid om by te praten. Yn twa sealen binne bylden te sjen fan de gebeurtenissen fan it ôfrûne jier.
Wy ferwachtsje jo op woansdei 9 jannewaris fan 16.00 oere ôf.
Werom