Paadwizer foar de besikers fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert
1. Húsregels *
2. Resepsje
It Histoarysk Sintrum Ljouwert hat in automatisearre besikersregistraasje. Dêrta tsjinnet it formulier dat jo ynfolje by jo earste besite. As jo noch gjin besikerspaske hawwe fan in oare argyfynstelling krije jo der ien fan it HSL. It nûmer fan jo besikerspas is nedich foar it oanfreegjen fan orizjiniele stikken en by folgjende besites.
3. Lêsseal
- De lêssealmeiwurker makket jo paadkundich yn de lêsseal en helpt jo, sa nedich, by jo ûndersyk. Fierder dogge jo jo ûndersyk sa folle mooglik sels. Op tongersdeitejûn kinne begjinnende genealogen ekstra help krije fan betûfte frijwilligers, dy’t dan yn de funksje fan "gids" yn de lêsseal oanwêzich binne. In goed helpmiddel foar begjinnende likegoed as betûfte ûndersykers is de "Gids voor genealogisch en biografisch onderzoek". Dit leit op besjen op de lêstafel.
- By in wiidweidich histoarysk ûndersyk is it de baas en oerlis yn it foar mei de koördinator tsjinstferliening.
- Jo kinne ek tsjin betelling ûndersyk dwaan litte. It taryf is € 12,65 it kertier plus € 6,30 administraasjekosten.
- Under elk taffelsblêd sit in stopkontakt foar jo laptop.
- Der is kamerabewekking yn de lêsseal.
4. Klappers
In soad boarnen binne neier tagonklik makke troch yndeksen, systematyske ynhâldsopjeften en sawathinne, koartwei ’klappers’ neamd. It klapperoersjoch leit op de lêstafel. De measte klappers steane op nûmer yn de grutte boekekast. Inkelde klappers binne allinnich fia de lêssealmeiwurker yn te sjen. Ferskate klappers en bestannen binne per kompjoeter te rieplachtsjen en jo kinne ek fergees sykje op de website.
5. Stikken oanfreegje
-
Op de lêstafel leit in oersjoch fan de oanwêzige argiven en samlingen. De ynventarissen dy’t der by hearren steane yn de boekekasten. Stikken dy’t net kopiearre of ferfilme binne, kinne jo oanfreegje fia it byldskerm. Ornaris duorret it 5 à 10 minuten foardat de stikken nei de lêsseal brocht wurde.
-
De meast brûkte en kwetsberste stikken binne kopiearre of op mikrofysjes set, lykas de befolkingsregistraasje, boutekenings, de Ljouwerter Krante, foto’s en printen, it rjochterlik argyf en agyfstikken fan it stedsbestjoer. Jo meie de mikrofysjes út de laden helje en yn de lêsapparaten besjen, mar nei it gebrûk net sels weromsette yn de laden.
-
Yn ferbân mei de Wet Beskerming Persoansgegevens kin foar resinte argiven in iepenbierensbeheining jilde.
-
Der wurde gjin argyfstikken of oare dokuminten útliend.
6. Stikken rieplachtsje
Der wurdt fan jo ferwachte dat jo hoedsum mei de orizjiniele stikken omgean. Dat gjin pinne, mar in potlead brûke en by it skriuwen jo papier net op it stik lizze, mar dernjonken. It rieplachtsjen fan orizjiniele stikken âlder as 1900 en oare kwetsbere stikken mei allinnich mei hânskuon oan. De oardering fan de rieplachte stikken moat bliuwe sa’t it is. Hâldt in besiker him net oan dizze regels, dan krijt er gjin stikken mear om yn te sjen. Soe der skea wêze, dan is er ferplichte dy te fergoedzjen.
7. Kopiearjen
- Orizjiniele argyfstikken fan foar 1900 meie net kopiearre wurde, mar wol fotografearre. Jo kinne sels in foto meitsje, of in fotograaf ynskeakelje. Der is in statyftafel mei beljochting oanwêzich.
- Argyfstikken fan nei 1900 meie allinnich troch de meiwurkers kopiearre wurde. In kopy kostet € 0,40.
- Mei de reader-printer meitsje jo fotokopyen fan mikrofysjes, foar € 0,50 de kopy.
- Publikaasjes kinne jo sels kopiearje mei it apparaat yn de lêsseal, foar € 0,10 per kopy.
8. Reproduksje fan ôfbyldings
-
It is net tastien sels ôfbyldings te fotografearjen.
-
It HSL makket yn eigen behear ôfdrukken op fotopapier foar jo. In ôfdruk fan 10x15 kostet € 4,80, A4-formaat kostet € 7,40.
- In ôfdruk fan in ôfbylding út de digitale Byldbank Ljouwert kin binnen ien dei klear wêze. Foar it ferstjoeren rekkenet it HSL € 6,30.
- Ofdrukken fan ôfbyldings dy’t noch net digitaal beskikber binne, hawwe in langere levertiid. Dêrfoar wurdt € 6,30 administraasjekosten per ôfdruk frege. Eventueel ferstjoere is kosteleas.
- Freegje in bestelformulier oan de lêssealmeiwurker.
9. Bibleteek
It HSL hat in bibleteek mei sawat 15.000 titels ta har foldwaan. De katalogus op trefwurd fine jo yn it ladenblok midden yn de lêsseal. Yn de hoekboekekast steane de meast brûkte neislachwurken. De oare boeken út de bibleteek kinne jo fia it byldskerm oanfreegje. Foar tiidskriften en printwurk kinne jo mei de hân in oanfraachformulier ynfolje, dy’t jo oan de lêssealmeiwurker jaan kinne.
10. Eksposysjeromte
De útstallingsromte is njonken de resepsje. Der wurde wikseljende exposysjes holden oer in breed ferskaat fan tema’s ut de Ljouwerter skiednis.
11. Argyfwinkel
Yn de argyfwinkel, yn de resepsje, binne û.o. alderlei boeken oer Ljouwerter ûnderwerpen te keap. Der binne ek sûvenirs te krijen en gratis folders.
12. Klachten
At jo fine dat it HSL jo net korrekt behannele hat, kinne jo in klacht yntsjinje. Klachtenformulieren binne by de resepsje of digitaal te krijen. Foar beswieren tsjin besluten fan de gemeente-argivaris de dispensaasje fan iepenbierensbeheinings oanbelangjend, bestiet in beswierskriftenproseduere. * De húsregels binne basearre op it troch B en W fêststelde reglemint. [01-01-2006]
