Freedtemiddei 19 maart opname Leeuwarden toen'
Sa út en troch fine der yn it HSL opnamen plak foar it populêre radioprogramma 'Leeuwarden Toen' fan de Ljouwerter Omrop Feriening Mercurius. 'Ljouwerters yn ieren en sinen' Ad Fahner en Jes Wassenaar ûnderwerpe bekende en minder bekende stedsgenoaten yn ûnferfalske stedsdialekt oan in krúsferhear, dêr't it persoanlike weromtinken oan it ferline fan 'e stêd sintraal stiet. Elkenien dy dat wol mei de opnamen bywenje. Foar dizze middei stiet Wytze Schrale op it programma. It ynterview sil op 26 maart troch Omrop Mercurius útstjoerd wurde.
|
|
Lêzings monuminte-stúdzjedei 'tussen geschiedenis en kitsch' bondele
Op 15 maaie 2009 is troch de gemeente Ljouwert en de stifting Erfgoed Nederland it sympoasium 'Tussen Geschiedenis en Kitsch' organisearre. Doel wie om rjochting te jaan yn 'e diskusje oer it tema fan 'e rekonstruksje, it werombringen yn it stedsbyld fan boukundige - en ynfrastrukturele eleminten dy't dêr troch ferskate oarsaken út ferdwûn binne. Om it libbene petear fan dizze dei net fuortendaliks ferlern gean te litten, is der besletten om 'e teksten foar in printe útjefte te bewurkjen. Foar hju dy't oanwêzich wiene of ynteressearre binne yn dit ûnderwerp is de publikaasje te bestellen fia it webstek fan Gigaboek.
|
|
Snein 14 maart Stedskuier Frouljusskiednis
Ljouwert kin bôgje op in rike frouljusskiednis. Doe't Ljouwert him yn 'e 16de ieu ûntjoech ta hannelssintrum fan Fryslân, hiene froulju dêr al in útsprutsen rol yn. In protte Ljouwerter froulju hiene om it sa mar te sizzen 'de broek oan'. Hja stiene bygelyks as kasteleinske, as publike frou, as ferkeapster op 'e merk harren ‘mantsje' en yn rikere fermiddens hiene hja as mesenas ek wis wat te betsjutten. Yn it ramt fan 'e Ynternasjonale Frouljuswike sil der op sneintemiddei 14 maart om 14.00 oere troch it HSL in stedskuier troch de binnenstêd organisearre wurde, wêrby omtinken jûn wurde sil oan de wichtige rol dy't Ljouwerter froulju spile hawwe op sawol lokaal as lanlik nivo. Mear...
|