Besikers-ynformaasje
De lêsseal

De lêsseal fan it HSL is foar elkenien frij tagonklik. Jo kinne hjir sels de boarnen rieplachtsje foar ûndersyk. Der is saakkundich persoaniel oanwêzich om jo paadkundich te meitsjen. Fan de measte argyfbestannen binne ynventarissen beskikber, dy’t in oersjoch jouwe fan de oanwêzige stikken. Dêrnjonken binne der in soad alfabetyske yndeksen makke, benammen foar it stambeamûndersyk. Orizjiniele stikken wurde foar jo út it depot helle en op de lêsseal foar besjen jûn. In soad brûkte dokuminten binne op mikrofysje, dat de besikers harren sels helpe kinne. De measte dokuminten fan nei 1900 meie kopiearre wurde.
Mear ynformaasje oer de gong fan saken yn de lêsseal fine jo yn de Paadwizer foar besikers fan it HSL
