Tariven tsjinstferliening per 1 janneweris 2012


Behanneling fan skriftlike fersiken om ynljochtingen en kopyen
In fersyk om kopyen of ynljochtings oer in bepaald ûnderwerp kinne jo per brief, fax of e-mail nei it HSL stjoere. It ûndersyksrisseltaat wurdt binnen trije wiken, altyd fia de post nei jo hûsadres stjoerd.

Undersyk
Foar genealogysk en oar ûndersyk freget it HSL € 13,74 it ketier. Per fersyk komt der € 7,02 administraasjekosten oerhinne. Fotokopyen kostje € 0,40 (A4-formaat) of € 0,50 (A3-formaat). Foar ynformaasje dy’t nei it bûtenlân stjoerd wurde moat, jildt in ekstra taslach fan € 10,80.

N.B.: ferjit net jo hûsadres op te jaan!

Ek as de frege ynformaasje net fûn wurde kin, wurde ûndersykskosten berekkene!

Wiidweidige ûndersiken wurde net troch it HSL útfierd. Hjirfoar kinne jo by in beropsgenealooch terjochte.


Kopyen
Dokuminten kinne kopiearre wurde as hja fan nei 1900 datearje en net grutter binne as A-3 formaat. Fan in protte genealogyske bestannen fan foar 1900 binne mykrofysjes oanwêzich. Hjirfan kinne reader-prints makke wurde.
Foar in oanfraach fan maksimaal 3 kopyen wurde gjin undersykskosten berekkene, as jo de krekte gegevens fan de stikken opjouwe, as namme, datum en nûmer. In argyfstik kin út mear as ien side bestean. By mear as 3 kopyen jildt it ûndersykstaryf fan € 13,74 it ketier. Per oanfraach wurdt € 7,02 administraasjekosten yn rekken brocht.

N.B.: originele dokuminten fan foar 1900 wurde net kopiearre.

Tariven op in rychje
ûndersykskosten € 13,74 it kertier (minimaal)
administraasjekosten € 7,02 it fersyk
taslach bûtenlânske korrespondinsje € 10,80 it fersyk
kopy A4-formaat € 0,50
kopy A3-formaat € 0,50
kopy reader-printer € 0,50
kopy selsbetsjinning € 0,10

Reprodusearjen fan boutekenings
Fan lytse boutekenings, net grutter as A3-formaat, kin in fotokopy makke wurde. In A3 kopy kostet € 0,50.
Fan gruttere boutekenings lit it HSL in ljochtprint meitsje. Levertiid sawat in wike. Kosten: € 7,02 administraasjekosten + € 5,50 foar de ljochtprint.
Haastbehanneling (binnen ien dei) is mooglik. Dit kostet € 14,39 per tekening ekstra.
Boutekenings fan foar sirka 1930 steane op mikrofysje. Dêrfan kin mei in reader-printer in kopy makke wurde. In reader-print kostet € 0,50.


Reproduksje fan ôfbyldings
It is ferbean sels ôfbyldings te fotografearjen. It leverjen fan reproduksjes giet fia de Byldbank fan it HSL. Reproduksjes dy’t (noch) net yn ’e Byldbank opnommen binne, kinne fia it HSL troch in fotograaf makke wurde. A4-formaat kostet € 8,23. Formaat 10x15 kostet € 5,50. De ekstra kosten bedrage dan € 6,82. By it ferstjoeren mei de post rekkenet it HSL € 7,02 administraasjekosten.

De ôfbyldings meie allinnich brûkt wurde foar prive-doelen. Eltse foarm fan publikaasje - skriftlik of digitaal - sûnder foarôfgeande skriftlike tastimming fan de gemeenteargivaris is ferbean.

Videobanden, films en lûdsbanden
€ 56,-- staasjejild by útliening
€ 14,-- brûkersfergoeding de 10 minuten foar privé doeleinen, fergees foar ûnderwiisdoeleinen
€ 45,00 plus € 1,30 de sekonde, per útstjoerining troch in lokale of regionale omrop
€ 45,00 plus € 5,65 de sekonde, per útstjoerining troch in lanlike omrop
€ 45,00 plus € 140,50 de sekonde foar commercials útstjoerd troch in regionale omrop
€ 563,25 de sekonde foar commercials útstjoerd troch in lanlike omrop


Rûnlieding
De priis fan in rûnlieding troch it HSL-gebou bedraacht € 58,83 alle kearen. Foar edukative doelen jilde der útsûnderings.


Tagongspriizen Aldehou

 

 

binnen iepeningstiden

bûten iepeningstiden  (foarsafier mooglik) 

Folwûchsenen

 

3,00

 

Oant en mei 12 jier

 

1,50

 

Groepen grutter as 15 p. folwûchsenen

 

2,00

3,00

Groepen grutter as 15 p. o/m  12 jier

 

1,00

2,00


Tagongspriizen Pier Pander Museum:

  • Folwûchsenen € 2,- 
  • Jongerein fan 7 o/m 12 jier € 1,-
  • Bern o/m 6 jier fergees
  • Groepen grutter as 10 persoanen mei in rûnlieding per persoan  € 1,50


Gearkomsteromte
De hier fan gearkomste- wurk- of kursusromte yn it HSL-gebou kostet € 116,14 foar de Hendrik ten Hoeveseal (64 kante meter) it deidiel en € 180,78  foar de Eekhoffseal (100 kante meter) it deidiel. Apparatuer en in brochje kin regeld wurde.