Sykje yn de argiven
Der binne ferskillende manieren om gegevens te finen oer jo foarâlden of oer bepaalde aspekten fan de skiednis fan Ljouwert en Ljouwerteradiel:
- sykje op de website fan it HSL
- sykje op oare relevante websites
- skriftlik gegevens opfreegje
- sels ûndersyk dwaan op de lêsseal
Webstek HSL
Jo fine dêr behalve algemiene ynformaasje oer it HSL ek in soad ynformaasje oer de boarnen dy’t wy bewarje. Sjoch benammen ris by Undersyk, Stêd en Edukaasje. De bestannen en teksten dy’t jo dêr fine, kinne jo ienfâldich sels útprintsje.
Oare websites
Ek op oare plakken op it ynternet kinne jo relevante gegevens fine. Foar algemiene genealogyske en heraldyske gegevens is it Centraal Bureau voor Genealogie it oansprekpunt. As lêste kinne ek it Ryksargyf, de Provinsjale Bibleteek, it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (tegearre tsjintwurdich Tresoar), it Frysk Museum, de Fryske Akademy en it Frysk Skipfeartmuseum fan nut wêze.
Skriftlik gegevens opfreegje
In fersyk om ynljochtings of kopyen kinne jo dwaan troch in brief, faks of e-mail te stjoeren nei it HSL. It ûndersyksresultaat wurdt binnen trije wiken, altiten mei de post nei jo húsadres stjoerd. De kosten dy’t dermei anneks binne, binne op it stuit € 12,65 it kertier; dêr komt € 6,30 administraasjekosten by. Fotokopyen kostje € 0,40 (A4-formaat) of € 0,50 (A3-formaat). Foar ynformaasje dy’t nei it bûtenlân stjoerd wurde moat, jildt in ekstra taslach fan € 10,00.
Allinnich oriïntearjende fragen dêr’t gjin ûndersykskosten oan ferbûn binne, wurde troch it HSL troch e-mail beantwurde.
Fersiken dy’t mear as inkelde oeren fergje, nimt it Histoarysk Sintrum net yn behanneling. Soksoarte ûndersiken kinne jo troch in beropsgenealooch dwaan litte. E-mails en brieven dy’t by it HSL op it ferkearde adres binne, wurde meastentiids trochstjoerd nei de dêrfoar yn oanmerking kommende ynstelling of gemeente. Telefoanysk kinne wy jo allinnich algemiene ynljochtings jaan.
Sels ûndersyk dwaan
Wolle jo it HSL sels besykje, sjoch dan ris by Besikersynformaasje foar praktyske útlis en tips.
