Oer it HSL


Basisschoolscholieren wordt een kijkje in het depot gegund, alwaar zij kennis maken met de geschiedenis van hun eigen woonplaats.

Erfskipsintrum foar Ljouwert
It Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL) is it ynformaasje- en aktiviteitensintrum foar de skiednis fan Ljouwert en omkriten. Tûzenen de strekkende meters oan histoaryske dokuminten, fan de Midsieuwen ôf oant hjoed-de-dei, wurde hjir bewarre en tagonklik makke. Elkenien dy’t eat útsykje wol oer de skiednis fan Ljouwert of de eardere bewenners, kin dêrfoar telâne by it HSL. Saakkundige meiwurkers helpe de besikers by harren sneuptocht yn de argiven, befolkingsregisters, foto’s, boutekeningen, kranten en in soad oare boarnen.

It HSL hat him de lêste jierren ûntjûn ta it sintrum foar it Ljouwerter histoaryske erfguod. It takepakket is yn 2005 útwreide mei it behear fan de mânske keunstkolleksje fan de gemeente Ljouwert en mei yngong fan 1 jannewaris 2007 mei it behear fan it Pier Pander Museum en de Pier Pander Tempel, dy’t beide yn de Prinsetún te finen binne. Dêrnjonken spant it HSL him ek geregeldwei yn foar it behâld fan it Liwwadders, ûnder oare troch de organisaasje fan in Liwwadder Dei en in kursus yn dit Stedfryske dialekt.

Hoe komt it HSL oan al dy boarnen? It HSL is ûntstien út it eardere Gemeente-argyf fan Ljouwert. Oarspronklik wie dat it wetlike bewarplak foar de argiven fan it stedsbestjoer. De âldste oarkonde is út de trettjinde ieu. Nijere argiven binne bygelyks de befolkingsregisters út de 19e en 20e ieu. Yn de rin fan de tiid kamen der ek argiven fan gemeentlike ynstellings, tsjerken, bedriuwen en partikulieren by it Gemeente-argyf telâne. Sa hat it argyfbewarplak har stadichoan ûntjûn ta in histoarysk ynformaasjesintrum.

Organisaasje
It HSL is sûnt mids 2006 ûnderdiel fan de sektor Ynformaasjebehear fan de Tsjinst Algemiene Saken fan de gemeente Ljouwert. De sektor telt likernôch fiifenfjirtich meiwurkers, ferdield yn trije tiims. De direkteur fan it HSL is tagelyk sektormanager fan de sektor Ynformaasjebehear. De twa tiims Histoaryske Ynformaasje (de frontoffice) en Behâlde & Bewurkje (de backoffice) foarmje tegearre it HSL. Dizze twa tiims binne ûnderdak brocht yn it gebou oan ’e Grienewei. It tredde tiim, Dokumentêre Ynformaasje, is festige yn it Stedskantoar.

Ta de taken fan it tiim Histoaryske Ynformaasje hearre de tsjinstferliening yn de publyksromten, edukative aktiviteiten, de webside, resepsjetaken. Koördinator is Klaas Zandberg.

De taken fan it tiim Behâlde & Bewurkje besteane ûnder oare út tagonklik meitsjen fan de kolleksjes, argiven, bibleteek en byldsamling, digitalisearring, it behear fan kolleksjes en gebouwen, akwisysje, keunstbehear. Koördinator is Wim van Driel.

De beliedsmeiwurker Ynformaasjebehear en de gemeentlike argyfynspeksje falle as stêffunksjes streekrjocht ûnder de sektormanager.

Tsjinstferliening
It HSL krijt inkelde tûzenen besikers it jier op de lêsseal. In soad minsken dogge huze-ûndersyk of komme harren stambeam útsykjen. Besikers dy’t fan beropswegen lânskomme, binne bygelyks makelders, sjoernalisten, miljeukundigen, juristen, dosinten en ambtners. De media dogge ek faak in berop op it HSL om stof te leverjen foar dokumintêres en artikels. Ek learlingen en studinten meitsje graach gebrûk fan it HSL. Se fine dêr materiaal foar wurkstikken en kinne meidwaan yn edukative projekten, dy’t it HSL yn ’e mande mei ûnderwiis-ynstellings organisearret. Op fersyk dogge meiwurkers ûndersyk foar oaren, tsjin de dêrfoar jildende tariven.

Fêste eksposysje 'It Ferhaal fan Ljouwert'. Foto: Mike Bink.Eksposysjes
It HSL hat fêste en wikseljende eksposysjes yn eigen hûs oer ûnderwerpen dy’t mei Ljouwert te krijen ha. De stêd hat sa’n rike skiednis, dat it tal tema’s ûnútputlik is. De eksposysjes binne likegoed nijsgjirrich foar de Ljouwerters sels, om’t se it ferline fan harren omjouwing ta libben bringe, as foar kultuertoeristen. Der komme dan ek tûzenen besikers yn it jier op ôf. Sa út en troch lient it HSL histoaryske stikken út foar in eksposysje op in oar plak.

Sjoch hjir foar ynformaasje oer de aktuele wikselekposysje

Histoaryske eveneminten
Faak yn’e mande mei lyksoartige ynstellings organisearret it HSL ferskate histoaryske eveneminten, lykas de jierlikse Iepen Monumintedei, stedskuiers, kursussen en lêzingen. Ek wurde der wol rûnliedingen jûn yn de depots fan it HSL.

Winkel
Yn de eigen winkel fan it HSL binne publikaasjes oer Ljouwert te keap. De measte binne skreaun troch it grut tal amateur- en beropshistoarje-skriuwers dy’t ûndersyk dien ha yn de boarnen. It kinne mânske skiednisboeken wêze, mar ek brosjueres oer monuminten, artikels oer argeology of in jubileumboek oer de tennisklub. En jo fine der biografyen oer Escher en Mata Hari, dy’t yn Ljouwert berne binne. Yn de winkel binne ek âlde printbriefkaarten te keap en reproduksjes fan stedsplattegrûnen.

Akwisysje
It Histoarysk Sintrum Ljouwert hâldt tafersjoch op dynamyske argiven dy’t noch yn it stedskantoar binne en jout de gemeentlike tsjinsten advys oangeande behear, seleksje en it ferneatigjen. It HSL stribbet nei in sa breed mooglik byld fan de skiednis fan Ljouwert. Behalve oerheidsargiven, sammelet it HSL ek argiven fan ferienings en partikulieren. Elkenien kin syn of har argyf hjir yn bewar jaan.


Wat bewarret it HSL?

Argiven
Wêr komme de argiven yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert wei? It HSL is ûntstien út it eardere Gemeente-argyf fan Ljouwert, oarspronklik it wetlike bewarplak fan de argiven fan it Ljouwerter stêdsbestjoer. Hjirûnder falle ek de befolkingsregisters út de 19e en 20e ieu. It âldste argyfstik datearret út de trettjinde ieu. Letter kamen der argiven fan gemeentlike ynstellings by, lykas skoallen en de plysje. Ek tsjerken joegen harren argiven yn bewar, lykas de oanswettende gemeente Ljouwerteradiel. Fierder binne der yn de rin fan de tiid argiven samle fan bedriuwen, famyljes en ferienings. It argyfbewarplak ûntjoech him sa ta in histoarysk ynformaasjesintrum. It HSL beskikt no oer 3000 strekkende meter argiven fan rom 250 ferskate ynstânsjes en partikulieren.

Bibleteek en byldsamling, filmkolleksje
Behalve yn argyfstikken, is de skiednis fan Ljouwert troch de ieuwen hinne fêstlein yn alderlei publikaasjes en ôfbyldings. Dy binne ûnderbrocht yn de bibleteek en de byldsamling fan it HSL. De bibleteek omfiemet tûzenen boeken en tydskriften, printwurk en de folsleine Ljouwerter Krante fan 1752 ôf. De byldsamling bestiet ûnder oaren út hûnderttûzenen foto’s, boutekeningen, printen en plattegrûnen fan de stêd. Ek hat it HSL in beheinde filmkolleksje.