3 febrewaris 2012
Presintaasje boekje oer de Fokseparkwyk
Op sneintemiddei 12 febrewaris sille William Lord en Jan van der Hoek fertelle oer de skiednis fan de Fokseparkwyk e.o. Oanslutend sil it boekje Voetstappen in de Vosseparkwijk presintearre wurde. Mear ...
3 febrewaris 2012
Eksposysje Klaas Lageweg 'Stedsgesichten'
Fan 6 febrewaris o/m maaie 2012 ekposearret Klaas Lageweg syn seary ‘Stedsgesichten' yn it HSL. It giet om in unike seary mei werkenbere, markante, kleurrige persoanlikheden út it strjitbyld fan Ljouwert. Fêstlein yn in 'e gong wei. Mear ...
17 jannewaris 2012
Leovardia digitaal te rieplachtsjen
Okkerdeis binne de earste 10 nûmers fan it tiidskrift Leovardia, in mienskippelijke útjefte fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert en de Histoaryske Feriening Aed Levwerd, digitaal te besjen. Nije nûmers sille perioadyk tafoege wurde.
17 jannewaris 2012
Drokbesocht nijjierstreffen 'Post Plaza'
It tradisjonele nijjiersslokje fan Aed Levwerd, Histoarysk Sintrum Ljouwert en 'e gemeentlike ôfdieling Monumintesoarch yn it âlde postkantoar 'Post Plaza' luts tradysjegetrou wer in soad en tige ferskaat publyk.
30 desimber 2011
HSL lûkt rekord oantal besikers
It HSL hat in rekord oantal besikers lutsen. Yn 2011 koene mar leafst 19.344 besikers notearre wurde (yn 2010 18.352). Yn 2007, doe't it HSL noch oan 'e Grutte Tsjerkestrjitte festige wie, bleau it besikersoantal op 5.974 stekken. It HSL hat yn har tsienjierrich bestean ûnder dizze namme har rol as erfguodsintrum foar de stêd Ljouwert en omkriten mear as wier meitsje kind. It HSL hat harsels in werkenbere poadiumfunksje oanmjitten en de ûntjouwing fan it museale karakter hat tige goed útwurke. Boppedat wurdt hieltiten mear oanheake by gemeentlike projekten en ynisjativenfan oaren. Mear ...
23 desimber 2011
Oerdracht foto- en negativekolleksje Sjoerd Andringa
De fotokolleksje fan ien fan de bekendste parsefotografen fan Fryslân, Sjoerd Andringa, is oerdroegen oan it Histoarysk Sintrum Ljouwert en Tresoar. It giet om hûnderttûzenen grutbyldnegativen, glêsplaten, losse foto's, dia's en filmmateriaal. It byldmateriaal is yn mear dan tweintich kisten oerbrocht fan Andringa's wente oan 'e Mûnestrjitte nei de depots fan it HSL. De kolleksje sil troch HSL en Tresoar tegearre ûntsletten wurd. Sjoen de gigantyske omfang fan it materiaal sil it in projekt fan jierren wurde. Sjoerd Andringa, ûnderwilens 90 jaar, is benammen bekend wurden troch syn foto's yn it Friesch Dagblad, Het Vrije Volk en it roomske Ons Noorden. De foto- en filmkolleksje is fan ûnskatbere wearde foar Fryslân en Ljouwert. Mear ...
21 desimber 2011
Lytse ferskowing iepeningstiden yn 2012
Yn ferbân mei in needsaaklike aksintferskowing fan 'e wurksumheden fan it tsjinstferlienend personiel, sjocht it Histoarysk Sintrum Ljouwert him twongen de iepeningstiden fan it ynformaasjesintrum wat oan te passen. Mei yngong fan 3 jannewaris fan it nije jier kinne jo fan tiisdei oant en mei freed fan 11.00 ôf (dus in oerke letter as op it stuit) foar ûndersyk terjocht yn it ynformaasjesintrum fan it HSL. Oars dan op ôfspraak jildt dit ek foar de útstallingsromten. Foar de rest bliuwe de iepeningstiden itselde. Besjoch foar mear ynformaasje de side Adres en iepeningstiden.
15 desimber 2011
Leovardia: Foarteam Johan Cruijff hie Ljouwerter 'Roots'
Yn it jannewarisnûmer fan Leovardia wurdt wiidweidich omtinken jûn oan 'e Ljouwerter foarteam fan âld-stjerfuotballer Johan Cruijff. Yn in yn 2007 ferskynde publikaasje nei oanlieding fan syn 60ste jierdei waard syn bân mei Fryslân al efkes oanstipt. Fierder ûndersyk hat oantoand dat betoerpake Hendrik Draaijer in 1827 yn 'e Ipe Brouwerssteech berne waard. Doe't er 5 jier âld wie bedarre er yn it Nije Stedsweeshûs, nei't syn âlden troch de goalera út 'e tiid rekke wiene. Lyk om let, nei't er frijwillich foar de militêre tsjinst keazen hie, kaam as strjitmakker yn Amsterdam telâne. Johans betiidste foarfaar wie in Switserske hierling dy't yn 1756 yn Ljouwert boaske mei in fanke fan Bildtske komôf. Mear ...
25 oktober 2011
Gearwurking Cambuur en Histoarysk Sintrum Ljouwert
Cambuur-Ljouwert en it Histoarysk Sintrum Ljouwert sille gearwurkje om it argyf fan 'e klub op oarder te krijen en foar de takomst op in feilig én tagonklik plak te bewarjen. De argyfstikken fan de klub lizze no op ferskillende plakken opslein. Men is fan doel om se nei in sintraal plak oer te bringen, te rubrisearjen en tenei yn 'e brânfrije depots fan it HSL ûnder te bringen. It ynstituut hat folop romte en mooglikheden om stikken en klubbledsjes op oanfraach oan ynteressearden dy't harren yn Cambuur ferdjipje of der oer skriuwe wolle ynsjen te litten. It leit foar de hân dat dêr in protte belangstelling foar wêze sil, want yn 2014 bestiet Cambuur fyftich jier. Dat jubileum sil op paste wize fierd wurde mei in reüny, in oansprekkende wedstriid en fansels mei it útbringen fan in ryk illustrearre jubileumboek.
25 oktober 2011
Aldehou ekstra lang iepen yn 'Nacht fan 'e Nacht '
De Aldehou is op sneon 29 oktober ekstra lang iepen foar besikers. Dat komt omt op 29 oktober de Nacht fan 'e Nacht plak fynt. By de Nacht van 'e Nacht wurde lanlik ferskate aktiviteiten yn it tsjuster organisearre. Dêrom sille op dizze jûn de ljochten om 'e Aldehou dôve wurde. De Aldehou is yn 'e Nacht fan 'e Nacht ekstra lang iepen, en wol fan 19:00 oant 24:00 oere. De normale iepeningstiden fan de Aldehou binne fan 13:00 oant 17:00 oere. Op 29 oktober is de toer tusken 17:00 en 19:00 oere in skoftsje ticht. Snein 30 oktober is de lêste dei dat de Aldehou foar besyk iepen is. De toer bliuwt oant 'e maaitiid ticht. Groepsbesiken bliuwe mooglik op ôfspraak. Om 1 maaie hinne sil de toer wer iepenstald wurde foar eltsenien.
25 oktober 2011
Riedsbesluten digitaal beskikber en trochsykber
Alde riedsferslaggen besjen kin sûnt dit wykein stikken makliker. De riedsferslaggen fan de gemeente Ljouwert fan 1865 ôf binne mei yngong fan 22 oktober nammentlik digitaal beskikber en trochsykber. Fia it webstek fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert is it bygelyks mooglik om ynformaasje te finen oer de beslútfoarming dy't ta de dimping fan de Iewal en it Fliet laat hat. It HSL en de Griffy fan de gemeente Ljouwert hawwe de ferslaggen scanne litten en beskikber steld. De offisjele presintaasje fan it digitale argyf fûn ôfrûne sneontemiddei plak yn 'e Oranjeseal fan it Stedhûs. Ald-riedslid Jakob Vellenga brocht saken út de Ljouwerter gemeentepolityk yn it sin, dêr't er oan't 1974 ek as wethâlder warber yn west hat. Mear ...
26 augustus 2011
Ekposysje ‘De efterban. Supporters SC Cambuur' iepene
Fotograaf Gitte Brugman lit mei dizze eksposysje en yn boekfoarm op in eigensinnige wize it wol en wee fan de Cambuursupporters sjen. SC Cambuur is in ambisjeuze earste-divisionist mei n trouwe oanhing. De supporters litte net alline harren leafde foar de klub sjen troch de wedstriden trou te besykjen, dochs ek troch harren as frijwilligers en sponsors yn te setten. Sawol yn it boek as yn 'e eksposysje lit Gitte de fans sjen yn it stadion en yn harren eigen wente. De iepening fan de eksposysje hat plak fûn op freedtemiddei 26 augustus yn it HSL. Ek waard it earste eksimplear fan it fotoboek ‘De achterban. Supporters van SC Cambuur' oanbean. Mei de iepening hie wethâlder Andries Ekhart syn earste formele optreden yn 'e gemeente Ljouwert efter him. Mear ...
Sneon 10 en snein 11 septimber Iepen Monumintedei
Sneon is tusken 10.00 en 17.00 oere in 15-tal monuminten yn 'e binnenstêd - wêrûnder it HSL - iepen foar publyk. Download hjir de flyer. It tema 'werbestimming' is ferwurke yn de publikaasje 'Nieuw gebruik, oud gebouw'. Jo kinne efkes sjen yn Debatsintrum 'De Bres', de Friesche Club, it eardere pakhûs Hartelust, de eardere Ynfirmerie, it eardere Kantongerjocht en Itichkantoar, de eardere Maneezje, de eardere MTS, it eardere haadpostkantoar, de eardere Prins Frederik Kazerne, de eardere Synagoge, de eardere Twadde Steds Tuskenskoalle en it eardere wenhûs Weerd 18. Boppedat is der dan in histoaryske kostúmparade troch de grêften en sil it Stedhûs oan it Riedhûsplein iepensteld wurde. Besjoch ek it sneinsprogramma.
24 juny 2011
Iepening Draachpunt Argeology Ljouwert
Yn de Ljouwerter binnenstêd is de ôfrûne 30 jier op in tsiental plakken argeologysk ûndersyk utfierd. De resinte grutskalige opgravings op it Aldehoustertsjerkhôf lizze dêrby noch farsk yn it ûnthâld. Alle ûndersiken jouwe in frij krekt byld fan de ûntjouwing fan de oarspronklike stêd yn 'e Midsieuwen en dêrnei. Om dit sjen te litten is fan 24 juny ôf yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert it Argeologysk Draachpunt Ljouwert ûnderbrocht. Dit is in ynisjatyf fan de gemeente Ljouwert, mei stipe fan de provinsje Fryslân. Eltsenien kin hjir terjocht foar de argeology en kultuerhistoary fan de Fryske haadstêd. Mear ...
9 juny 2011
Hast 100 ynstjoerings ‘Pimp de Aldehou'
Nei in yngripende ferbouwing is de Aldehou wer iepen foar publyk. Mei ta gelegenheid fan Sint Vitusdei (de stjerdei fan de beskermhillige fan Ljouwert en nammejouwer fan de eardere Sint Vitustsjerke fan Aldehou) is der op 15 juny fan 13.00 oant 17.00 oere in iepen dei mei in ferskaat oan aktiviteiten. Foar bern is dit jier in wedstriid holden, dêr't hja in bouplaat fan 'e Aldehou ‘pimpe' koene. Ut de likernôch 100 kleurige en orizjinele ynstjoerings binne 3 winners keazen. De earste priis is in boarterguodbon mei in wearde fan € 50,00 en in fergese ekskurzje mei de klas nei de Aldehou. It bekend meitsjen fan de priiswinners sil plak fine op de iepen dei . Met de winners sil kontakt opnaam wurde.
3 juny 2011
Eksposysje Eja Siepman van den Berg yn Pier Pander Museum
Dizze simmer is der in lytse seleksje fan bylden fan Eja Siepman van den Berg te besjen yn it Pier Pander Museum yn Ljouwert. Wurk fan Eja Siepman van den Berg is yn tal fan musea en galeries eksposearre, sawol yn Nederlân as om utens. Yn ferskate plakken yn Nederlân binne har bylden yn 'e iepenbie romte te besjen. Yn 'e Prinsentún yn Ljouwert stiet it byld Zigzag (Monumint foar de froulju), dat hja yn 1996 yn it ramt fan de Ynternasjonale Frouljusdei ontwurp. De útstalling Eja Siepman van den Berg is te besjen fan 4 juny o/m 25 septimber 2011 yn it Pier Pander Museum, Prinsentún 1b, Ljouwert. Mear ...
Aldehou wer iepen foar publyk
Op 1 juny is de Aldehou nei in yngripende ferbouwing wer tagonklik foar it publyk. Mei nei oanlieding fan Sint Vitusdei (de stjerdei fan 'e beskermhillige fan Ljouwert en nammejouwer fan 'e tsjerke fan Aldehou) sil der op 15 juny in iepen dei mei in ferskaat on aktiviteiten organisearre wurde. Op woansdei 25 maaie is yn oanwêzigens fan in beheind oantal gasten de nei âld-Fryslânbank-direkteur Jan Reinder Kuperus (1929-2011) ferneamde 'Kuperuslift' yn 'e Aldehou yn gebrûk naam. Dêrneist is in ynformatyf gidske fan 'e hân fan LC-sjoernalist Erwin Boers presintearre en hat Janlobus Seunnenga spesjaal in lietsje oer de Aldehou skreaun. Besjoch of download hjir de clip.
11 april 2011
Publikaasje 'Sierlijk Bouwen' Friese Pers Boekerij presintearre
Op 10 april is yn it HSL de publikaasje 'Sierlijk Bouwen. Jugendstil en Amsterdamse School in Friesland 1900-1940', útjûn troch Friese Pers Boekerij, presintearre. Tusken 1900 en 1940 is yn tal fan doarpen en stêden yn Fryslân sierlik boud. Peter Karstkarel ûndersocht en ynventarisearre de juwieltsjes út dizze bouperioade. Ta gelegenheid fan it ferskinen fan dizze publikaasje naam it HSL út hannen fan de auteur sirka 1200 dia's dy't makke binne op yn de tsjintwurdige gemeenten Ljouwert en Ljouwerteradiel yn ûntfangst, om op termyn tafoegd te wurden oan Beeldbank Leeuwarden.
25 maart 2011
Freed 8 april mini-sympoasium R.K. soarch
Earmoed en help, ûntfangers en skinkers, binne al sûnt ieuwen in ûnskiedber pear. Hokker motiven hiene better situearden om help te jaan oan minsken dy't harre sels net bedrippe koene? De Stichting Amelanderhof stiet yn in ieuwenlange tradysje fan Katolike soarch yn Ljouwert en hat it inisjatyf naam hjir in boek oer ferskine te litten. Keppele oan de presintaasje fan dit boek, mei as titel Een boterham met geraspte kaas. Katholieke zorg in Leeuwarden 1580-2000 en skreaun troch Corien Rattink, sil op freedtemiddei 8 april it mini-sympoasium R.K. zorg in Leeuwarden, vroeger en nu organisearre. Mear ...
14 maart 2011
Stedskuier 'Sporen van vermaarde vrouwen' presintearre
Okkersneins is yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert de fiifde yn druk ferskynde Ljouwerter stedskuier mei as titel 'Sporen van vermaarde vrouwen' presintearre. Froulju hawwe yn it ferline fan Ljouwert in wichtige rol spile. Doe't Ljouwert him yn 'e 16e ieu ûntjûch ta ít hannelssintrum fan Fryslân, hiene froulju dêr al in wichtich plak ynnaam. Ljouwerter froulju wiene gauris frijfochten dames, dy't bygelyks as útbaatster fan in logemint, as publike frou, as keapfrou op 'e merk harren mantsje stiene en yn rikere fermiddens as mesenas of yn 'e keunsten eat yn te bringen hiene. Mear ...
10 maart 2011
Stedskuier 'Sporen van de Nassaus' yn druk ferskynd
Ofrûne woansdeitejûn is nei ôfrin fan in troch Kees van der Leer holden Nassau-lêzing oer prinses Marianne, it fjirde yn in rige Ljouwerter Stedskuiers presintearre, mei as titel Sporen van de Nassaus. Yn Ljouwert stie de widze fan ferskate leden fan de staach fan Fryske Nassaus. Dizze Fryske Nassaus wiene de foarteam yn rjochte line fan de leden fan ús tsjintwurdige keningshûs. Der binne yn 'e stêd noch in protte spoaren te finen út 'e tiid dat de Nassaus hjir harren hofhâlding hiene. De kuierrûte fiert net allinne lâns de monuminten dêr't de Nassaus libben, de tsjerketsjinst bywennen en begroeven waarden, sa as it Steedhâlderlik Hof, de Waalske Tsjerke en de grêfkelder yn 'e Jakobinertsjerke. Mear ...
3 maart 2011
Sjoernalist yn Langhierrich Ljouwert
Op woansdei 16 maart organisearret it Histoarysk Sintrum Ljouwert in jûn oer de sjoernalistyk yn Ljouwert yn 'e jierren '60 en '70. Yn dizze turbulinte tiid makken ek de media de nedige feroarings troch. Yn it begjin ferskynden der yn Fryslân noch ferskate deiblêden: neist de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd bestiene der doetiids ek Het Vrije Volk, de Friese Koerier en Ons Noorden. Guon sjoernalisten diene net allinne ferslach fan wat der yn 'e wrâld om harren hinne barde, dochs makken yn dy jierren sels somtiids diel út fan 'e reboelje. Ljouwerter Krante-sjoernalist Sikke Doele wie dêr in ljochtend foarbyld fan. By oare kranten waarden de sixties mei sin bûten de krantekolommen holden. Mear ...
9 febrewaris 2009
Aed Levwerd docht moard jierren '30 Lichtsjes oer
Hja besocht him mei rottekrûd om te bringen en doe't dat mar heal slagge, makke hja it krewei ôf troch him te smoaren mei in doek mei ammoniak. It drama dat wier bard is stiet sintraal yn in projekt fan de Ljouwert Histoaryske Feriening 'Aed Levwerd'. De wjerslach dêrfan is de útjefte 'Het tubetje van Cath' - diel twa yn de Aed Levwerd-rige nei 'Spegelspreuk' - mei in op argyfûndersyk basearre ferhaal, in ballade op cd en in stripferhaal oer de moard yn 'e Keetbuert. Mear ...
4 febrewaris 2011
Ferhalen oer de âldste skiednis fan Ljouwert
Op sneintemiddei 20 febrewaris fertelle berneboekeskriuwers Arend van Dam, Akky van der Veer en Janny van der Molen oer it ta stân kommen fan ‘De Geluksbrenger', in jeugdroman oer de ierste skiednis fan Ljouwert. De auteurs sille û.o. fragminten foarlêze út harren ferhalen oer bern, dy't hjir yn 'e Romeinske Tiid, de iere en lette Midsieuwen wennen. Tekenaar Babs Wijnstra sil de troch har makke illustraasjes sjen litte, dy't net allinne yn it boek opnaam binne, dochs dy't ek sintraal stean yn in lyts útstallinkje yn it HSL. Ornearre foar bern fan 9 oant 13 jier en harren pake's, beppes en âlden.
3 febrewaris 2011
20 - 25 febrewaris: Help pake & beppe de fakânsje troch!
Yn 'e maaitiidfakânsje sil yn Fryslân foar de 10de kear Help Pake en Beppe de fakânsje troch organisearre wurde. Fansels is ek it Histoarysk Sintrum Ljouwert wer fan de partij. Bist do tusken 4 en 12 jier âld en wolst fergees meidwaan oan ús aktiviteiten? Kom dan by ús del mei dyn pake of beppe (heit, mem, buorfrou, omke ensfh. is ek goed). Yn it HSL stean alle aktiviteiten yn it teken fan in nij berneboek oer it libben yn Ljouwert sa as dat eartiids west hat. Mear ...
28 jannewaris 2011
Ljouwerteradielster toponimen fan 1450 ôf op skrift steld
Troch de ruilferkaveling is it lânskip yn it hjoeddeiske Ljouwerteradiel op tal fan plakken yngripend feroare; âlde perselen binne ferdwûn en dêrmei ek de nammen. Dizze fjild-, wetter- en oare nammen hiene meastal in histoaryske betsjutting. Om foar te kommen dat âlde nammen yn it ferjitboek reitsje, hawwe leden fan in wurkgroep fan 'e Dokumintaasjestifting Ljouwerteradiel besocht om, neist safolle mooglik besteande, ek de yn ûnbrûk rekke nammen fan perselen lân, paden, fearten ensfh. foar de neiteam fêst te lizzen. Mear ...
25 jannewaris 2011
Geert Mak op 4 febrewaris gast by 'Leeuwarden Toen'
Sa út en troch fine der yn it HSL opnames plak foar it populêre lokale tillevyzjeprogramma 'Leeuwarden Toen' fan de Stichting Omroep Mercurius. 'Liwwadders yn ieren en sinen' Ad Fahner en Jes Wassenaar ûnderwerpe bekende en minder bekende (eks-)stêdgenoaten in ûnferfalske stedsdialekt oan in krúsferhear, dêr't it persoanlike weromtinken oan it ferline fan Ljouwert sintraal stiet. Eltsenien dy't dat wol mei de opnames bywenje. Gast foar dzzze middaei is Geert Mak. De opname sil op 11 febrewaris útstjoerd wurde. Mear ...
18 jannewaris 2011
Treffen histoarysk Ljouwert bliuwt in boppeslach
Foar de njoggende kear organisearren it HSL, Buro Monumintesoarch en de Ljouwerter Histoaryske Feriening Aed Levwerd ôfrûne freed it tradysjonele nijjiersslokje fan 'Histoarysk Ljouwert'. Dizze kear fûn it barren plak yn it út 1907 datearjende eardere pakhûs Hartelust oan 'e Romkesleane. Hûnderten hannen waarden skuodde en sterke ferhalen waarden meiïnoar dield. Dêrnjonken waard weromsjoen op in tige slagge jier fol histoarysk en kultureel kleure eveneminten. Lês mear hjiroer yn it jierferslach 2010 fan it HSL.
4 jannewaris 2011
HSL Lûkt rekord oantal besikers
It Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL) hat In rekord oantal besikers lutsen. Yn 2010 telde It HSL 18.352 besikers. Yn fergeliking mei 2009 betsjut dit in taname fan goed 600 besikers. Yn 2007, doe't it HSL nog oan de Grutte Tsjerkestrjitte festige wie, stie it besikersoantal op 5.974! Het HSL hat har rol as erfguodsintrum foar de stêd Ljouwert en omkriten dus nog better wier meitsje kind. Der is in werkenbere poadiumfunksje en de fierdere ûntjouwing fan it museale karakter hat gâns fertuten dien. Mear ...
21 desimber 2010
Stedskuier 'Sporen van nieuwe Leeuwarders' yn druk ferskynd
By gelegenheid fan 'e naturalisaasje-seremoanje foar nije Nederlanners op 15 desimber lêstlyn hat it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL) it boekje Sporen van nieuwe Leeuwarders presintearre. It gidske lit sjen dat de festiging fan nijkommers net sa bot in resint ferskynsel is. Troch de ieuwen hinne socht alderhanne slach folk - itsij twongen troch ekonomyske tsjinslach, itsij om reden fan politike aard - harren taflecht ta Nederlân. It gidske is it tredde yn in rige histoaryske stedskuiers. Earder ferskynden Een wandeling langs sporen van Joods Leven in Leeuwarden en in Ljouwerter Poëzieroute. De gidskes binne foar € 7,50 te keap yn 'e winkel fan it HSL.
23 novimber 2010
Lolle van Houten en de bokssport
Fan 20 novimber oant en mei 6 febrewaris is der yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL) in lyts útstallinkje te sjen oer Lolle van Houten (1944-2008) en de bokssport yn Ljouwert. Van Houten bokste yn in perioade fan 17 jier sawol nasjonale as ynternasjonale wedstriden. Yn 'e fuotleasten fan inkelde âldere broers gong er, njonken syn wurk als strjitmakker, trainen by boks- en atletykferiening Frisia, yn 1933 oprjochte troch Johan Poelsma. Van Houten ûntjûch him letter ta it gesicht fan de Ljouwerter befeiliging. Hy wurke as portier oan ferskillende ‘gefaarlike doarren'. Mear ...
23 oktober 2010
Nij boek Ljouwerter Strjitnammen ferskynd
Ofrûne sneon waard yn it Ljouwerter Stedhûs it nije strjitnammeboek, gearstald troch Ljouwertkenner Henk Oly, presentearre. Nei de foarige ferzjes út 1969 en 1997 fan âld-argyfmeiwurker Wim Dolk, wie de gemeente nei 13 jier ta oan in alhiel bywurkie en ek riker yllustrearre ferzje fan it Ljouwerter Strjitnammeboek, wêrby't foar dizze kear keazen is foar in min of mear ensyklopedyske opset. Strjitnammen yn 'e gemeente Ljouwert. We brûke se mar wat wite wy der eins oer? Wêr komt de namme Kleijenburg fuort, wa wie Jelle Banga, wêr tanket de Sint Japikstrjitte syn namme oan en wêrom wurdt it Naauw met twa a's skreaun? Mear ...
23 oktober 2010
Eksposysje en manifestaasje ‘Langharig Leeuwarden' iepene
In pear jier ferlyn krIge it Histoarysk Sintrum Ljouwert de foto- en negative kolleksjes fan Sikke Doele (1942-2002), Piter Doele (1943-2006) en Paul Janssen (1946-2009) ta syn foldwaan. Rike fotosamlings mei prachtige bylden fan Ljouwert yn 'e ôfrûne desennia en de jierren '60 en '70 yn it bysûnder. Foar de eksposysje Langharig Leeuiwarden, jongeren in de friese hoofdstad in de jaren '60 en '70, dy't 23 oktober yn it HSL iepene is, is tankber fan dizze kolleksjes gebrûk makke. Lês mear hjir oer yn it parseberjocht dat útgongen is.
15 oktober 2010
23 Oktober: Dei fan de Ljouwerter Skiednis
Op sneon 23 oktober fine der yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL) en op oare plakken yn 'e stêd in ferskaat oan aktiviteiten plak foar sawol de jongerein as de âlderein. De Dei fan de Ljouwerter Skiednis heaket oan by de lanlike Wike fan de Skiednis. Sintraal stiet de iepening fan de manifestaasje en útstallling 'Langhierrich Ljouwert, jongerein yn 'e Fryske haadstêd yn 'e jierren 60 en 70' yn it HSL. Lês hjir fierder foar in greep út it folsleine oanbod of download de flyer.
7 oktober 2010
Oant 24 oktober mini-eksposysje Frederike van Uildriks en Vitus Bruinsma
De útjefte fan it unyke deiboek fan Frederike van Uildriks (1854-1919) is oanlieding foar in fjouwerdielige útstalling oer har libben en wurk yn it Grinzer Universiteitsmuseum, de Universiteitsbibleteek Grins, de Grinzer Argiven en it Histoarysk Sintrum Ljouwert . Yn it HSL sil yngongen wurde op har frije leafdesrelaasje mei dr. Vitus Bruinsma dy't út ein sette yn 'e perioade dat Bruinsma yn Ljouwert natoerkundelearaar wie oan it Steedlik Gymnasium en sintraal figuer yn 'e Fryske Folkspartij. Yn har deiboek skriuwt hja oer har leafde foar en it bûten it houlik byinoar wenjen mei Bruinsma. Mear ...
1 oktober 2010
10.000ste besiker Aldehou
Op 28 septimber koe de 10.000ste besiker fan dit Ljouwerter symboal teld wurde. De gelokkige wie de 16-jierrige Peter Boonstra út 'e wyk Suderbuorren. Troch toerwachter Annie de Vries waard him in kadopakket oanbean, besteande út in ferskaat oan produkten dy't mei de Aldehou en de skiednis fan Ljouwert te kirijen hawwe. Peter brocht mei syn klas fan Piter Jelles Aldlân yn it ramt fan it ûnderwiisprojekt Arttrip in besite oan de Aldehou. Arttrip Ljouwert bringt elts jier hûnderten learlingen (4-havo en 4-vwo) út Ljouwert, Harns en Snits yn 'e kunde mei keunst en kultuer yn de Fryske haadstêd. Mear ...
20 septimber 2010
Jûnslêzing 'Fan ko oant en mei kat' op woansdei 22 septImber
Bisten yn 'e Romeinske tiid en Iere Midskieuwen op 'e âldehousterterp yn Ljouwert. Wietske Prummel, argeo-soöloge, ferbûn oan 'e Ryks Universiteit Grins, hâld in lêzing oer it dierlik bonkeguod dat fûn is by it argeologysk ûndersyk op 'e Aldehousterterp. Hokker bisten libben der der op en m de terp hinne. Hokker bisten hold men oan hûs en yn 'e greide. Hokker bisten iet men, etsetera. De lêzing, dy't organisearre is troch de ôfdieling Monumintensoarch en Argeology fan de gemeente, yn oparbeidzjen mei it Histoarysk Sintrum Ljouwert, is fergees tagonklik. Mear ...
14 septimber 2010
Iepen Monumintedagen gesellich drok
Sneon brochten likernôch tusken de trije- en fjouwertûzen leafhawwrs in besite oan ien of meardere 'iepen monuminten'. Oars hermetysk ôfsletten stegen, binnenterreinen en oare objekten lutsen gâns besjoch. Ek de grafitydemonstraasje yn 'e Wolvestege en de presintaasje fan âld brânwachtark efter de eardere brânwacht kaserne waarden drok besocht. It ta gelegenheid fan de dei ferskynde boekje 'Eene menigte stegen' waard flot ferkocht. De aktiviteiten op snein brochten sa'n 800 minsken op 'e lappen. Hja kamen yn it foarste plak ôf op 'e living history op het gersfjild neist it HSL, de Aldehou en 'e Haniahof, dêr't oan 'e ein fan 'e middei inkelde Fryske dichters harren dichtrigels foardroegen. Mear ...
9 septimber 2010
Argyf Evangelysk Lutherske Gemeente Harns nei likernôch 40 jier oerdroegen
It argyf fan de eardere Evangelysk Lutherske Gemeente Harns is op 8 septimber yn bewarring jûn oan it Hannemahûs, sintrum foar Harnser kultuer en skiednis. Sûnt de opheffing fan dizze Gemeente troch it gearfoegjen mei de Evangelysk-Lutherske Gemeente Ljouwert yn 1971 wie it argyf ûnderbrocht yn it tsjinwurdige Histoarysk Sintrum Ljouwert . It tsjerkebesjoer hat okkerllêsten it beslút naam dat de âlde dokuminten werom koene nei Harns, benammen no it Hannemahûs de beskikking krigen hat oer in klimatisearre argyfdepot en in studzjeromte. Mear ...
6 septimber 2010
Nije foto-eksposysje 'LJouwert fanôf it wetter' iepene
Op inisjatyf fan it HSL krigen fjouwer fotografen - Gitte Brugman, Dolph Kessler, Abe de Vries en Wim de Vries - de opdracht om Ljouwert, har ynwenners èn besikers op eigensinnige wize sjen te litten. De kommende jierren sille de risseltaten yn in seary útstallings yn it HSL eksposearre wurde en yn boekfoarm útkomme by Friese Pers Boekerij. Fotograaf en foarmjouwer Wim de Vries út Ljouwert byt it spit derôf. Hij lit dêrby plakken sjen dy't in ferrassend byld fan de Fryske haadstêd jouwe. Mear ...
31 augustus 2010
11 en 12 septimber Iepen Monumintedei
It tema yn Ljouwert is stegen, gloppen en binnenterreinen. Der wurdt in rûte útset lâns in oantal stegen. Sneon tusken 10.00 en 17.00 oere binne sa. 15 monuminten en oare nijsgjirrichheden iepenstald foar publyk. Sjoch hjir foar de rûte en rûtekaart. Snein is û.o. de Aldehou fergees tagonkliken en is der yn 'e omkriten fan it HSL om 14.00 oere hinne living history (om in autentike 18de ieuske rjochtsaak mei ophinging hinne). Lês foar in totaaloersjoch fan alle yn 1918 te finen stegen it gedicht Leeuwarden, stad van stegen.
28 augustus 2010
Woansdei 8 septImber jûn oer stegen yn Ljouwert
As tarieding foar de Iepen Monuminte Dei sil Henk Oly op 'e tekst oer de skiednis van stegen en gloppen yn Ljouwert. Nei it skoft is der in paneldiskusje oer ferline en takomst fan stegen yn 'e binnenstêd ûnder lieding fan Geart de Vries (direkteur HSL). Panelleden binne û.o. Peter Walon (arsjitekt en belutsen by de binnenstêd), Grytsje Schaaf (arsjitektuerdosint en bewenner fan de Haniastege) en Romke 'Blomke' Dijkstra (âld-bewenner fan 'e Poptastege). Fanút ut publyk kinne der fragen steld wurde. Mear ...
4 augustus 2010
De Aldehou yn 'e Donald Duck
Yn 'e Donald Duck eksra fan dizze moanne stiet yn 'e rubryk 'Uit het handboek van de jonge woudlopers' in stikje oer de Aldehou. Net alles is feitlik histoarysk korrekt, dochs de tekst is wol pakkend. So wurdt de fergeliking lutsen mei de toer fan Pisa. Het artikeltsje, illustrearre mei in aardich tekeninkje, einiget mei 'Hjoed de dei kin eltsenien genietsje fan dit brike, krûme bouwurk. It is moai fan lilkens!'.
22 juni 2010
Underwiisprojekt oer misdied
Foar de learlingen yn 'e fjirde klassen havo en atheneum op CSG Comenius steane de kommende twa wiken yn it teken fan ‘It spannende boek'. By de lessen Nederlânsk en Ingelsk wurde der lêzings folge yn 'e bibleteek en op skoalle. Ek komme der in stikmannich gastsprekkers dêl en fanselssprekkend koene der boeken lêzen wurde fan 'e literatuerlist ‘It spannende boek'. Het gouden ei fan Tim Krabbé, Gevaarlijke stroom fan Hans Dorrestijn en De Zonnewijzer fan Maarten 't Hart binne titels fan dizze list. It projekt einiget op 1 july mei in priisútrikking foar it bêste ûndersyk (atheneum 4) nei en de bêste krante (havo 4) oer it spannende boek. Mear ...
14 juni 2010
Iepenlofeksposysje "De Ljip fan Ljouwert"
It Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL) presintearret tegearre mei Projekt Nij Saailân de iepenlofteksposysje De Ljip fan Ljouwert, Leeuwarden op de kaart gezet. Dizze ekposysje is makke troch learlingen fan trittich groepen 5 en 6 fan basisskoallen yn 'e gemeente Ljouwert en sil yn july en augustus te sjen wêze op it sket om 'e bou fan Projekt Nij Saailân, lâns it Ruterskertier hinne. De iepening waard op 1 july ferrjochte troch learlingen fan de groepen 5 en 6 fan OBS Oud Oost lokaasje Menno van Coehoorn yn Ljouwert en fan OBS Uniaskoalle yn Wirdum. Wethâlder Isabella Diks wie hjirby oanwêzich. Mear ...
2 juny 2010
Pier Pander Museum fan 5 juny ôf wer iepen foar publyk
Yn 'e Prinsentún fine jo in lyts museum en in timpel dy't wijdt is oan de Fryske byldhouwer Pier Pander (1864-1919), in skippersfeint út Drachten, dy't him ûntjûch ta ien fan de wichtigste byldzjende keunstners fan syn tiid. Mei yngong fan 5 juny (oant en mei septimber) is it museum wer iepenstald foar publyk. Boppedat kin dit seizoen yn it Pier Pander Museum de útstalling Thomas Cool (1851-1904) ‘Een Friesch Schilder' besjoen wurde. By de útstalling ferskynt in ryk illustrearre boek mei deselde namme. Besykje foar mear ynformaasje oer de útstalling en de iepeningstiden it webstek fan it Pier Pander Museum.
28 maaie 2010
Graffitikeunst ta bestriding fan graffiti-oerlêst
De gemeente Ljouwert fiert no sa likernôch 10 jier in tige foarútstribjend, ûnortodoks en suksesfol graffitibelied. In dúdlike oanpak dêr't in soad partijen direkt mei holpen binne. It belied is rjochte op it himmeljen en skjinhâlden fan 'e stêd en it fuortsterkjen fan graffitikeunst. Kearn fan it belied is dat mei graffitikeunst, graffiti-oerlêst tsjingongen wurdt. Trouch bewenners wurdft dizze keunst tige op priis steld. It wurdt sa stadich oan tiid om ris stil te stean by dit sukses en de ynset fan al dy kloften minsken dy't bydroegen hawwe oan dizze boppeslach. Mei de film Graffiti Project Leeuwarden 2000-2010 besykje wy dat te dwaan. Wy wolle dizze film dan ek graach yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert oan de belutsen partiijen presintearje. Mear ...
25 maaie 2010
Workshop stambeamûndersyk mei help fan ynternet
Oankommende stambeamûndersikers kinne tenei (fan 29 maaie ôf) eltse sneontemiddei tusken 13.00 en 17.00 oere yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert telâne foar wat ekstra help by it opsetten fan in ûndersyk nei it eigen famyljeferline. De ûndersiker leart yn it foarste plak gebrûk te meitsjen fan boarnen dy't op ynternet te finen binne. Ek wurdt kennis makke mei software dêr't men harren fynsten mei opslaan en oardenje kin. Boppedat leare jo boarnen kennen dy't 'yn orizjineel' beskikber binne en te krijen hawwe mei Ljouwert en Ljouwerteradiel. Der steane seis kompjûters yn it ynformaasjesintrum ta jo foldwaan.
21 maaie 2010
Hjerstaktiviteiten yn teken jeugdkultuer jierren '60 en '70
Op it stuit is in tariedingskommisje dwaande om aktiviteiten te organisearjen dy't yn it teken stean sille fan 'e jeugdkultuer yn 'e twadde helte fan 'e jierren ’60 en 'e jierren ’70. Hjirta sil ek in útstalling ynrjochte wurde dy't in represintatyf byld jaan moat fan dizze sa stadichjes oan ek al wer lang ferfleine tiden. De organisaasje besiket dan ek sa folle mooglik byld- en/of lûdsmateriaal út dizze jierren te trasearjen. It soe moai wêze as jo jo materiaal tydlik ôfstean wolle soene oan it HSL. Ek kinne jo fia de wenstige kanalen(info@historischcentrumleeuwarden.nl of til. 058-2332350) in ôfspraak meitsje. Kontaktpersoanen binne Klaas Zandberg of, by syn ôfwezigens, Geart de Vries.
10 maaie 2010
Multymediale attraksje Aldehou fan 8 maaie ôf te besjen
Op freed 7 maaie is in multymediale attraksje op 'e earste ferdjipping fan 'e toer presintearre. Hjirby stiet it ferhaal fan Teake, de (tinkbyldige) toerwachter dy't yn 'e 16e ieu ferûngemakke troch in fal fan 'e trep, sintraal. Syn geest spoeket neffens planmakkers noch hieltiten yn 'e toer rûn. Troch projeksjes op muorren en flierren moatte de ferhalen út it ferline werlibje. Spesjale effekten mei ljocht moatte der foar soargje dat de sfear noch mear fersterke wurdt. Fan 8 maaie ôf oant en mei septimber kin de Aldehou wer bekleaun wurde en kin it multymedia spektakel besjoen wurde. Besjoch hjir it priuwke dy't fan it spektakel makke is. Mear ...
23 april 2010
Stedskuier Joadsk Ljouwert yn druk ferskynd
Op 22 april ferskynde Sporen van Joods Leven yn ferbân mei de fiering fan it Jiddysk Festival. De rûte fan de stedkuier fiert lâns de âldste Joadske begraafplakken, de eardere Joadske buert en gebouwen mei in Joadsk ferline. It boekje is it earste yn in nije rige gidskes mei stedskuiers, dy't troch it Histoarysk Sintrum Ljouwert, yn oparbeidzjen mei de VVV, útjûn wurdt. Besjoch ek it videoferslach fan in part fan de kuier op it webstek fan 'e Ljouwerter Krante.
19 april 2010
Boekje 'Stadsjeugd Leeuwarden' yn HSL presintearre
Ofrûne freedtemiddei is yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert it nije boekje Stadsjeugd Leeuwarden presintearre. Stadsjeugd Leeuwarden jout in tiidsbyld fan in perioade dêr't de jeugd him yn ûntwraksele oan it gesach en de kontoeren fan in nij tiidrek sichtber waarden. It is in kuier 'down memory lane' , dêr't Ljouwerters fan doe saken ut harren bernejierren yn 'e jierren fyftich en sechtich fan de foarige ieu wer yn it sin bringe. Foar wa't net ta dizze generaasje heart jout dizze bondel in nijsgjirrich byld fan de wrâld dêr't harren âlden yn opgroeiden. Skriuwer Frans van der Beek (1947) en utjouwer Dicky Wijngaarden (1949) binne beiden hikke en tein yn Ljouwert.
9 april 2010
Fan 18 o/m 25 april Jiddysk Festival
Tusken 18 en 25 april wurdt yn Ljouwert foar de twadde kear it Jiddysk Festival holden. It Histoarysk Sintrum Ljouwert organisearret as dielnimmer oan it festival tal fan aktiviteiten yn relaasje ta it rike joadske ferline fan 'e Fryske haadstêd. Sa sille bygelyks Wim Bloemendaal, oant foar in pear jier ferlyn programmamakker by de VPRO radio, en Halbe Hageman lêzings hâlde oer Joadsk Ljouwert en Joadske Ljouwerters. Ek sille saakkundige gidsen ynteressearden meinimme op in stedskuier by spoaren fan Joadsk libben yn 'e binnenstêd del. Tagelyks sil de kuier yn boekfoarm - as earste dieltsje yn in nije HSL-rige - presintearre wurde. Mear....
1 april 2010
Winners earste Liwwadder Diktee bekend
It diktee is holden op 31 maart yn 'e riedseal fan it Stedhûs as ôfsluting fan de kursus Liwwadders. Ricky, Anneke Douma, Rients Gratama, Henk van der Veer, Melvin van Eldik, Harrie Wiersma en in stikmannich gemeentebestjoerders: hja diene as spesjale gasten allegeare mei oan it alderearste Liwwadder Diktee. Winner ûnder de pommeranten wie Henk van der Veer (stedsdichter fan Snits!). Fan 'e kursisten wie Doutsje Sipma (in Bildtker) de dielnimmer mei de minste fouten. Utgongspunt fan it diktee wie dat 'metdoen feul belangrieker is dan ut foutloas skrieve fan ut Liwwadders'. Lês de folsleine tekst fan it diktee hjir ...
16 maart 2010
Wyksintrum Nijlân besitet 40 jier
Op 27 maart wurdt it grut feest foar de wyk Nijlân. It wyksintrum bestiet dan 40 jier. Dit wurdt ûnder oaren fierd mei in réunie fan âld-frijwilligers en âld-bestjoersleden. Dêrnjonken wurde der playback-optredens fersoarge. Ek wurdt der in boek oer de histoary fan it Nijlân presintearre. De dei wurdt ôfsletten mei in feestjûn dy't deromta gean sil. It boek, dat yn oparbeidzjen mei it HSL útbrocht is, kin dizze dei mei koarting kocht wurde. Elkenien mei maksimaal 2 eksimplearen oanskaffe foar de freonepriis fan € 17,-- it stik. Fan 28 maart ôf sil it boek foar € 24,00 te keap wêze. Oant en mei 26 maart kin it boek noch mei koarting reservearje wurde. Mear ...
8 maart 2010
Lêzings monumintestúdzjedei 'Tussen Geschiedenis en Kitsch' bondele
Op 15 maaie 2009 is troch de gemeente Ljouwert en de stifting Erfgoed Nederland it sympoasium 'Tussen Geschiedenis en Kitsch' organisearre. Doel wie om rjochting te jaan yn 'e diskusje oer it tema fan 'e rekonstruksje, it werombringen yn it stedsbyld fan boukundige - en ynfrastrukturele eleminten dy't dêr troch ferskate oarsaken út ferdwûn binne. Om it libbene petear fan dizze dei net fuortendaliks ferlern gean te litten, is der besletten om 'e teksten foar in printe útjefte te bewurkjen. Foar hju dy't oanwêzich wiene of ynteressearre binne yn dit ûnderwerp is de publikaasje te bestellen fia it webstek fan Gigaboek.
1 maart 2010
Snein 14 maart Stedskuier frouljusskiednis
Ljouwert kin bôgje op in rike frouljusskiednis. Doe't Ljouwert him yn 'e 16de ieu ûntjoech ta hannelssintrum fan Fryslân, hiene froulju dêr al in útsprutsen rol yn. In protte Ljouwerter froulju hiene om it sa mar te sizzen 'de broek oan'. Hja stiene bygelyks as kasteleinske, as publike frou, as ferkeapster op 'e merk harren ‘mantsje' en yn rikere fermiddens hiene hja as mesenas ek wis wat te betsjutten. Yn it ramt fan 'e Ynternasjonale Frouljuswike sil der op sneintemiddei 14 maart om 14.00 oere troch it HSL in stedskuier troch de binnenstêd organisearre wurde, wêrby omtinken jûn wurde sil oan de wichtige rol dy't Ljouwerter froulju spile hawwe op sawol lokaal as lanlik nivo. Mear...
19 febrewaris 2010
Sneintemiddei 28 febrewaris ‘De wrâld ûnder de Aldehou'
Amateur-argeologen fan de Aed Levwerd wurkgroep Argeology fertelle op sneintemiddei 28 febrewaris om 14.00 oere yn it HSL oer harren fynsten op it grûnstoart fan de opgravings op it Aldehoustertsjerkhôf. Dizze opgravings hearre ta de wiidweidichste argeologyske ûndersiken dy't der ea west hawwe yn Noard-Nederlân. De opgravings hawwe net allinne nije kennis opsmiten oer Ljouwert, dochs ek oer de terpetiid yn it algemien. Nei oanlieding fan de resultaten fan dizze opgravings is foarich jier de útstalling 'De Wrâld ûnder de Aldehou' ynrjochte en is troch de Friese Pers Boekerij in boek mei deselde namme presintearre. De útstalling kin noch oant en mei september besjoen wurde.
19 febrewaris 2010
It libben fan Hendrika Brok-Troelstra, it suske fan Piter Jelles
Sicko Heldoorn (boargemaster fan Assen) en Egbert van der Veen (âld topman fan Omrop Drinte) fertelle op snein 7 maart om 14.00 oere yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert oer it libben fan Hendrika Brok-Troelstra (Ljouwert 1867 - Assen 1944). Hja wie polityk aktyf en sette har yn foar de rjochten fan froulju, dochs waard hja yn 1936 as lid skrast út 'e SDAP, de partij dy't yn 1894 mei troch har broer Piter Jelles oprjochte waard. Oanlieding om har te skrassen wie in reis nei de Sovjet-Uny. It waard har net yn dank ôfnaam dat hja har troch kommunisten brûke liet foar it ûndermynjen fan de sosjaal-demokrasy. Op it stuit wurdt der krewearre foar rehabilitaasje fan dizze striidbere frou. Mear ...
9 febrewarus 2010
Help Pake en Beppe de fakânsje troch
Yn 'e maitiidsfakânsje fan 23 oant en mei 26 febrewaris stiet it Histoarysk Sintrum Ljouwert tradysjegetrou wer yn it teken fan de Fryske aktiviteitewike Help Pake en Beppe de fakânsje troch. Sitst op 'e basisskoalle, bist tusken de 4 en 12 jier âld en wolst ek meidwaan oan ús aktiviteiten? Kom dan gewoan del. Do kinst bygelyks fan alles te witen komme oer argeologyske fynsten út 'e tiid dat Ljouwert noch mar krekt bestie. Ek kinst ôfsakje nei de Ljouwerter Skatkeamer djip ûnder de grûn of, sikest it leaver hegerop, dan kinst ek altyd noch de Aldehou beklimme. It is net nedich om dy fantefoarren op te jaan. Alle aktiviteiten finne fergees op fertoan fan pake of beppe. Ek in heit of mem kin der mei troch! Do komst dochs ek? Oant dan! Mear ...
8 febrewaris 2010
14 febrewaris rûnlieding Skatkeamer Histoarysk Sintrum Ljouwert
Op 7 febrewaris is de nije ûndergrûnske Skatkeamer fan it HSL offisjeel iepene troch Geert Mak en sil tenei faker iepen wêze foar publyk. Dit showdepot is ynrjochte troch Tinker Imagineers út Utert, eksperts yn museale konsepten, en boppedat ornearre foar it ûnderwiis. Yn dizze romte wurde ferneamde persoanen en bjusterbaarlike foarfallen beljochte oan 'e hân fan orizjinele foarwerpen en dokuminten en digitale helpmiddels. Sintraal steane acht fitrines, dêr't ien fan wijd is oan Mata Hari. Der leit ûnder oare in rapporteboek út har middelbere skoalletiid. Dizze rûndleiding is spesjaal ornearre foar 'los' publyk. Groepen kinne (foarearst fergees) ek op oare dagen op ôfspraak yn 'e Skatkeamer terjochte.
5 febrewaris 2010
Postúm ôfskie Hindrik ten Hoeve fan gemeentepolityk
Ofrûne freed hat yn it HSL de presintaasje plak fûn fan it mediaboek, dat gearstald is as weromtinken oan it sa tragysk ferûngemakke PvdA-riedslid Hindrik ten Hoeve. Oars hie Hindrik om dizze tiid hinne ôfskie nimme sild fan de aktive lokale polityk. Neist it mediaboek is der in lytse útstalling oer Hindrik iepene. Ek binne in trijetal fitrines fold mei nijsgjirrichheden út syn 'Liwwaddenkolleksje', dêr't er sa grutsk op wie. Fan takomme sneon ôf sil de eksposysje middeis - útsein de moandeis - foar it publyk tagonklik wêze. De dvd mei filmfragminten kin dan ek besjoen wurde.
2 febrewaris 2010
5 febrewaris presintaasje mediaboek Hindrik ten Hoeve
Takomme freed 5 febrewaris sil om 16.00 oere de presintaasje plak fine fan it mediaboek, dat gearstald is as weromtinken oan it sa tragysk ferûngemakke PvdA-riedslid Hindrik ten Hoeve. Ek sil der in lytse útstalling iepene wurde dêr't benammen foto's fan Hendrik te sjen binne dy't weromgean oan't de jierren '50. Boppedat binne in trijetal fitrines fold mei tal fan saken út Hindrik's 'Liwwadden-kolleksje'. Fan takomme sneon ôf sil de eksposysje foar it publyk tagonklik wêze. De iepeningstiden binne fan tiisdei oant en mei snein fan 13.00 oant 17.00 oere. Ek kin dan de dvd mei filmfragminten besjoen wurde. De presintaasje is alline foar minsken dy't útnoege binne.
22 jannewaris 2010
Kolleksje fotograaf Paul Janssen yn it HSL
It Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL) hat dizze wike it negativeargyf fan de yn 2009 ferstoarne fotograaf Paul Janssen yn bewarring krigen. Ut ein set as freelancer wurke Janssen fan 1979 oant 2006 by de Ljouwerter Krante. Hy hie in grutte ynteresse yn benammen modelfleantugen, bydzjend keunstners en it stedslibben. De tûzenen negativen datearje foar it grutste art ut 'e iere jierren '70. It HSL komt meikoarten mei in publkaasje en útstalling mei wurk fan dizze foar Ljouwert en Fryslân wichtige fotograaf. De foto's sille op termyn ek fia Byldbank Ljouwert beskikber steld wurde.
18 jannewaris 2010
23 januari start kursus Liwwadders
Krekt as in pear jier ferlyn sil der wer in kursus 'Liwwadders' organisearre wurde foar wa't mear wite wol fan ús rike en smoute stedsdialekt. De klam sil benammen lizze op it ûntstean en de ûntjouwing fan it Ljouwertersk. Ek sil omtinken jûn wurde oan taalbehearsking en it Liwwadders yn literatuer en dichtkeunst. De lessen wurde fersoarge troch saakkundige dosinten lykas Pieter de Groot en Arjen Versloot. Dêrnjonken is der ek plak ynromme foar 'Liwwadder Ikoanen' dy't gastkolleezjes fersoargje sille. Takomme sneon sil dichter/perfoarmer Anne Feddema it dosintekorps fersterkjen komme.
18 jannewaris 2010
Freedtemiddei 22 jannewaris opname Leeuwarden toen'
Sa út en troch fine der yn it HSL opnamen plak foar it populêre radioprogramma 'Leeuwarden Toen' fan de Ljouwerter Omrop Feriening Mercurius. 'Ljouwerters yn ieren en sinen' Ad Fahner en Jes Wassenaar ûnderwerpe bekende en minder bekende stedsgenoaten yn ûnferfalske stedsdialekt oan in krúsferhear, dêr't it persoanlike weromtinken oan it ferline fan 'e stêd sintraal stiet. Elkenien dy dat wol mei de opnamen bywenje. Foar dizze middei steane Jansje Nicolai en Durkje Visser op it programma. It ynterview sil op 29 jannewaris troch Omrop Mercurius útstjoerd wurde.
8 jannewaris 2010
Klaas Zandberg fan it HSL skinkt Wim Bloemendaal nije eagen
Goede foarnimmens moatte dochs earne útein sette, is't net sa? It liket derop dat HSL-meiwurker Klaas Zandberg mei yngong fan it nije jier orgaandonor foar âld-Ljouwerters wurden is en, om de die by it wurd te foegjen, twa eachbollen skonken hat oan radiomakker Wim Bloemendaal, âld-presintator fan it VPRO-programma "De gezamenlijke zenders Peazens en Moddergat". Sûnt de oanrin nei't Nijjierstreffen op 6 jannewaris yn 'e âlde Ynfirmerie oan 'e Wissesdwinger sjocht Bloemenmdaal de stêd út syn bernejierren yn in breder perspektyf. Mear ...
7 jannewaris 2010
Sneinslêzing Ljouwerter wezesoarch troch de ieuwen hinne
Der wie in tiid dat der yn Ljouwert meardere weeshûzen wiene, dêr't it Ald Boarger Weeshûs - stifte yn 1534 oan it Riedhûsplein - it âldste wie. As regel fûnen hjir bern út hegere fermiddens dy't harren âlden ferlern wiene, in nij tús. Earst yn 1675 waard oan it Jakobinertsjerk-hôf in Steds Weeshûs stifte om yn 'e opheining fan earme weesbern te foarsjen. Nei de kleur fan harren klean waarden de bern út dizze goeddiedige ynstellings ek wol oantsjut as respektivelik 'reade' en 'blauwe' wezen. William Lord, sels ien fan de lêste wezen yn it Auck Petershûs, fertelt snein 17 jannewaris oer wezesoarch yn Ljouwert. Mear ...
5 jannewaris 2010
Stedsbestjoer waard 400 jier lyn stedhûs útwâlde
In al jierren duorjende faksjestriid yn Ljouwert, dy't yn 1608 - mei nei oanlieding fan it ferfolgjen fan dopersken - útein set wie, hie op Nijjiersdei 1610 it saneamde Ljouwerter Mêstopskuor ta gefolch, in gewelddiedich ferset tsjin it strang kalvinistyske en konservative steds-bestjoer dat him û.o. skuldich makke hie oan manipulaajes by de kontinuerring yn iepenbiere funksjes, it begeunstigjen fan politike 'freonen' mei stedsamten en de taëigening fan opsinten. Dit alles tsjin de eftergrûn fan teologyske kwestjes. In razende keppel folk ramde mei in skipsmêst de doarren fan it Ljouwerter riedhûs. Mear ...
5 jannewaris 2010
HSL lûkt rekord oantal besikers
It Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL) hat in rekord oantal besikers lutsen. Yn 2009 besochten 17.746 besikers it HSL. Yn fergeliking mei 2008, it earste jier yn ús nije gebou oan 'e Grienewei, hâldt dit in taname fan sa likernôch 1200 besikers yn. Yn 2007, doe it HSL noch oan 'e Grutte Tsjerkestrjitte festige wie, stie it besikersoantal op 5.974! It HSL hat har rol as erfguodsintrum foar de stêd Ljouwert en omkriten mear as wier makke kind. It HSL hat in werkenbere poadiumfunksje krigen en de ûntjouwing fan it museale karakter hat goed wurke. Mear ...
15 desimber 2009
Ljouwertkenner Hendrik ten Hoeve ferstoarn
Ofrûne snein ferstoar troch in slim ûngemak yn syn wente oan 'e Muontsjemuorrestrjitte Hendrik ten Hoeve. De meiwurkers fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL) ferlieze mei him net allinne in warder fan Ljouwerter histoaryske skatten, dochs ek immen dy't as ferhaleferteller it rike ferline fan syn stêd op bysûndere wize oerbringe koe. Syn kennis fan it ferline fan de stêd en syn grutte belutsenheid by it HSL wiene fan ûnskatbere wearde. Wy sille syn promininte oanwêzigens by kultuerhistoaryske eveneminten tige misse.
10 desimber 2009
Histoarysk Sintrum Ljouwert te sjen op Nederlând 2
Takomme tiisdei 15 desimber fynt de tillevyzje-útstjoering plak fan de opnames dy't Teleac yn july yn it HSL makke hat. It is de tredde ôflevering fan in seary oer stambeamûndersyk. It programma is te sjen op Nederlân 2 om 16.05 oere. De fluchkursus Stambeamûndersyk leart jo stapke foar stapke op hokker wize jo yn argyfboarnen ynformaasje oer jo foarâlden fine kinne. Op it webstek fan Teleac kinne jo de folsleine kursus werom sjen. Mear ...
8 desimber 2009
Wikseleksposysje en dokumintêre
Fan 6 desimber o/m 3 jannewaris is de eksposysje Iiskâlde Pasje. Skildere biografyen yn it HSL te sjen. De keunstneres Hansje Busquet-de la Porte hat fan 9 libbensferhalen fan haadrolspilers fan Alvestêdetochten skilderijen makke. Te sjen binne de biografyen fan Jeen van den Berg (1954), Reinier Paping (1e yn 1963), Jan Uitham (2e yn 1963), Lenie van der Hoorn (1985), Evert van Benthem (1985 en 1986), Tineke Dijkshoorn (1986), Klasina Seinstra (1997) en Henk Angenent (1997). Mear... .
8 desimber 2009
450 skoalbern oer de flier
Der binne noch al wat masters en juffen fan Fryske basisskoallen dy't de Alvstêdetocht riden hawwe! Dit die bliken by in edukatyf projekt oer it 100-jierrch jubileum fan De Tocht, dat op it stuit yn it HSL plak fynt. Op 7, 8 en 9 desimber wurde troch it HSL meiinoar sa'n 450 learlingen fan basisskoallen út buorgemeente Tytsjerksteradiel wolkom hjitten. Bern út 'e groepen 7/8 besykje de iisbaan by de Alldehou om te reedriden, te kurlen en om in wolfertsjinne beker poeiermolke te drinken. Meer ...
1 desimber 2009
Historysk Sintrum siket byldmateriaal Ald- en Nijfiering
Op snein 3 jannewaris wurdt yn it HSL in presintaasje oer de Ald- en Nijfiering yn Ljouwert jûn. Walter Kromhout sil op 'e tekst oer op hokker wize Ljouwert yn 'e perioade 1950-2000 de lêste oerkes fan it jier út syn dak gie. Oanslutend fertelt Klaas Zandberg oer it romroftich ferline fan Schuurmans' Fjoerwurkfabrieken. Mei it each op in presintaasje is it HSL drok op syk nei byldmateriaal dat mei de fiering van Ald en Nij yn Ljouwert te krijen hat, sawol bûtendoar as yn 'e hûs.
27 novimber 2009
Snein 6 desimber iepening eksposysje 'Iiskâlde Pasje'
Fan 6 desimber o/m 3 jannewaris stiet de Prinsentúnseal fan it HSL Ljouwert yn it teken fan de eksposysje Iiskâlde Pasje. Dizze hat dit jier bij de Fryske 11 Stêden omreizge yn it ramt fan it 100-jierrige bestean fan de Alvestêdetocht Feriening. As slútstik fan 'e omreis is it HSL oan bar. De eksposysje sil op snein 6 desimber, yn oansluting op'e iepening om 16.00 oere fan it Winterfeest op 'e Iisbaan op it Aldehoustertsjerkhôf, om 16.30 oere offisjeel iepene wurde.
20 novimber 2009
Snein 6 desimber Ljouwerter popbands yn 'e sixties
Dirk Kamminga sil op 'e tekst oer de Ljouwerter bandsjekkultuer dy 't yn 'e jierren '60 syn hichtepunt belibbe. Nijsgjirrichheden en anekdoates sille wer yn it sin brocht wurde. Kamminga sil ek fan alles hearre en sjen litte út dy tiid. De twadde helte fan 'e middei bestiet yn it foarste plak út in bydrage fan Hille Bijlsma. Hy sil in petear hâlde oer de jeugdbindes (Dingly Boys, Hawks, Vliegende Tijgers en de Zwarte Panters) dy't harren yn 'e sixties yn Ljouwert opponearren. Mear ...
18 novimber 2009
Boekpresintaasje misdieroman mei âld boargemaster Dales
Ofrûne tiisdeitemiddei protte de Eekhoffseal fan it Historysk Sintrum Ljouwert út mei gasten dy't útnoege wiene foar de presintaasje fan Het Koepelmysterie. De skriuwers Marc Jacobs - oant in pear jier ferlyn teamsjef by de Ljouwerter Plysje - en Marike Vreeker, eartiids ferbûn oan Stenden University, brochten dit earste diel fan in seary mei gloede yn't omtinken. Hichtepunt fan 'e middei wie de útrikking fan it earste eksimplear oan âld-boargemaster en -korpsbehearder Geert Dales. Mear ...
29 oktober 2009
Novimber yn teken bertedei Anna van Hannover (1709-1759)
Dit jier is it 300 jier lyn dat Anna fan Hannover - frou fan steedhâlder Willem IV - berne is. Dêrom hat de Stifting Nassau en Fryslân it inisjatyf naam ta in Anna fan Hannover festival. Oant healwei novimber binne der tal fan aktiviteiten. Yn it HSL is in lytse útstalling ynrjochte. Ek wurde der muzykjûnen en lêzings organisearre. Lida Dykstra hat in nije histoaryske roman, "Ik, Anna", skreaun. De regionale en lanlike tillevyzje stjoere spesjale programma's út.
27 oktober 2009
HSL op syk nei byldmateriaal Sinterklaasfiering
Wa hat âlde foto's fan Sinterklaas of Swarte Pyt? It HSL is dwaande mei de tarieding fan in lytse útstalling oer sinterklaasfiering yn Ljouwert. As jo beskikke oer nijsgjirrige foto's, printwurk, filmkes en/of foarwerpen dy't mei Sinterklaasfiering yn Ljouwert te krijen hawwe en jo binne ree om jo materiaal út te lienen, sykje dan kontakt mei it HSL. De útstalling rint yn elts gefal fan 15 novimber oant en mei 6 desimber.
20 oktober 2009
Utstalling 'De Wrâld ûnder de Aldehou'
It ûndersyk fan it Aldehouster Tsjerkhôf yn 2006 heart ta de wiidweidichste argeologyske terpopgravings dy't der west hawwe yn Noard-Nederlân. De opgraving hat net allinnich nije kennis opsmiten oer Ljouwert, dochs ek oer de terpetiid yn it algemien. De útstalling waard op sneon 17 oktober iepene op 'e Dei fan de Ljouwerter Skiednis en rint oan en mei augustus 2010. Mear ...
20 oktober 2009
Dei fan Ljouwerter Skiednis drok besocht
De dei fan de Ljouwerter skiednis hat ôfrûne sneon sa'n 800 besikers lutsen. 700 minsken besochten it Histoarysk Sintrum. Hjir fûn de iepening plak fan de 'utstalling ‘De wrâld ûnder de Aldehou' iepen en waard it boek mei deselde namme presintearre. Dêrnjonken waarden âlde films fertoand en rûndliedings troch de skatkeamer en de depots fersoarge.
17 oktober 2009
Lêzing argeology fan It Aldehoustertsjerkhôf
Nei oanlieding fan de iepening ôfrûne sneon 17 okober fan de útstalling 'De wrâld ûnder de Aldehou' sil der op tongersdei 22 oktober yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert in lêzing plak fine, wêrby Juke Dijkstra fan ADC ArcheoProjecten fertelle sil oer wat it meast resinte argeologyske ûndersyk fan de âlde terp opsmiten hat.
6 oktober 2009
Stinzen en states yn Ljouwerteradiel
Yn gearwurking mei it Histoarysk Sintrum Ljouwert hat de Dokumintaasjestifting Ljouwerteradiel de hear Paul Noomen - saakkundige op it mêd fan midsieusk grûnbesit yn Fryslân - útnoege om op 20 oktober yn 'e Skalm yn Stiens in lêzing te hâlden oer Stinzen en States yn Ljouwerteradiel. Hast yn elts doarp stiene der wol twa stinzen: Aebinga en Boulsma yn Hijum, Eminga en Holdinga yn Feinsum, Juckema en Boelema yn Stiens mear ...
6 oktober 2009
Dei fan Ljouwerter Skiednis op sneon 17 oktober
De tredde sneon fan oktober stiet lykas yn oare jierren wer yn it teken fan 'e Ljouwerter skiednis. Yn it HSL sil de iepening plak fine fan de útstalling ‘De wrâld ûnder de Aldehou' en wurdt it boek mei deselde titel presintearre. Dêrnjonken wurde der âlde films fertoand en sille der rûndliedings troch de skatkeamer en 'e depots jûn wurde. Op it terrein foar it HSL wurde histoaryske saken út it ferline - saneamde 'living history' - neispile. Ek wurdt der in boekemerk holden. Meer ...
30 septimber 2009
5 oktober jûn oer Yndo's Yn Ljouwert
Henk de Vries, skriuwer fan ûnder oaren Tussen Potmarge en Condens, fertelt moandei 5 oktober yn it HSL oer de komst fan Yndyske Nederlanners nei Ljouwert yn 'e jierren '50. It programma begjint om 20.00 oere oan 'e Grienewei 1 te Ljouwert. De earste helte fan de jûn jout Henk de Vries in lêzing mei as titel: Een blauwe maandag, sambal, spruitjes, Indische Nederlanders in Leeuwarden. Mear ...
29 septimber 2009
29 septimber jûnslêzing 'Scherven en geluk'
Karin Gaillard, konservator fan Keramykmuseum 'Princessehof', sil op tiisdeitejûn in lêzing fersoargje yn it ramt fan de rinnende eksposysje oer houliksdiggelguod Scherven & Geluk. Oanslutend sil der yn it Prinsessehof in rûnlieding plak fine.
16 septimber 2009
As ferlern beskôge preek fan Albertus Magnus opdûkele
Yn argiven yn Leipzig is okkerlêsten in as ferlern beskôge preek opdûkele fan de ferneamde Dútske filosoof en teolooch Albertus Magnus. Hy hat dizze preek yn 1256 foardroegen yn it Dominikaner Konvint yn Ljouwert, dêr't de lettere 'e Jakobinertsjerke ek in ûnderdiel fan wie. It stik wurdt op it stuit bestudearre en oerset troch wittenskipper en teolooch Guus Bary. Mear ...
15 septimber 2009
Lêzing 'Slagge Ljouwerters yn Amearika'
Peter de Haan foarme mei Kerst Huisman de einredaksje fan it boek Gevierde Friezen in Amerika dat ein augustus klear kaam. Yn it boek wurdt ek in protte omtinken jûn oan Ljouwerters en de kontakten tusken Ljouwert en de Feriene Steaten. Peter sil in byld jaan fan in ferskaat oan figueren lykas Peter Stuyvesant (gouverneur fan Nij Amsterdam), Samuel Meyer Isaacs (Joodsk lieder) en in protte oare pommeranten. Mear ...
15 septimber 2009
Presintaasje fotoboek Ljouwert
Op snein 20 septimber sil de presintaasje plak fine fan in nij fotoboek oer Ljouwert yn 'e jierren '80 en '90. Hjirby is tankber gebrûk makke fan digitaal fotomateriaal fan de byldbank fan Dikken&Hulsinga en dy fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert. De earste eksimplearen fan it boek sille troch de gearstallers - Andries de Haan en Leendert Plaisier - útrikt wurde oan de âld-boargemasters John te Loo en Hayo Apotheker.
14 septimber 2009
Tûzenen besikers op 'e rûte mei iepen Monuminte Dei
De Ljouwerter Iepen Monuminte Dei dy't dit jier yn it teken stie fan arsjitekt W.C. de Groot (1853-1939) is troch tûzenen minsken besocht. Op sneon 12 septimber besochten likernôch 4000 besikers it HSL, de Blokhûspoart, it Frysk Museum of ien of mear iepenstalde monuminten. De ekstra snein soarge foar nochris sa'n 2000 besikers. Dêrby waarden ek objekten van W.C. de Groot in Koarnjum en Warstiens oandien.
11 septimber 2009
Ek monuminten te besjen op snein 13 septimber
Yn it ferlengde fan de Iepen Monumintedei binne der ek op snein 13 septimber tusken 13.30 en 17.00 oere inkelde pânen yn 'e omkriten fan Ljouwert te besjen: it túnhûs by Martenastate yn Koarnjum (mei om it heal oere in koarte lêzing) en in pleats dy't ûntwurpen is troch arsjitekt W.C. de Groot oan de Buorren 1 yn Warstiens. Ek is dizze dei de Adehou fergees te beklanterjen Mear ...
10 septimber 2009
Oprop bestudearring stedsskiednis 1256 oant 1300 en/of wurk Albertus Magnus
Sintraal yn 'e Ljouwerter histoary stiet de Grutte - of Jakobiner Tsjerke, tsjerke fan 'e protestânske wykgemeente Rondom de Grote Kerk. It wie de kloastertsjerke fan de dominikanen. Yn 1256 preke hjir Albertus Magnus. Okkerlêsten is syn preek yn Dútslân weromfûn. Reden om yn 'e simmer fan 2010 in figuerlik trijelûk, besteande út Wurd, Klank en Byld, op te setten. Mear ...
26 augustus 2009
Iepen Monumintedei yn teken arsjitekt W.C. de Groot
De Ljouwerter Iepen Monuminte Dei stiet yn it teken fan arsjiitekt W.C. de Groot (1853-1939). Op sneon 12 septimber is tusken 10.00 en 17.00 oere in 15-tal pânen te besjen dy't ûntwurpen binne troch dizze Ljouwerter arsjitekt. Ek is der in fytsrûte útstippele. Yn it Frysk Museum is fergees de útstalling ‘Soms is geluk heel gewoon - de architectuur van W.C. de Groot' te sjen.
25 augustus 2009
CD-single Jankobus Seunnenga in hcl gepresenteerd
Als voorloper van de in september uit te brengen CD Uit angst voor de holheid van Jankobus Seunnenga - tot dit jaar de helft van het duo 'Pigmeat' - is vrijdag 21 september een een hiervan afgeleide CD-single gepresenteerd. Voor de nog uit te brengen CD is door Seunnenga werk van in Friesland geboren dichters op muziek gezet. Twee gedichten van Simon Vestdijk dienden als basis voor de CD-single. Meer ...
18 augustus 2009
Jonge performer debutearret mei earste bondel
Ien fan de meast jonge stedsperformers fan wa hielwat ferwachte wurd, de 18-jierrige Tim Dijkstra, belibbe ôfrûne freed syn bondeldebút yn it HSL. De bondel is ein july útbrocht. Neit Dijkstra sels út it boek foardroegen hie, naam wethâder fan kultuer Isabella Diks offisjeel út hannen fan de skriuwer it earste eksemplear yn ûntfangst.
12 augustus 2009
21 augustus CD-single presintaasje Jankobus Seunnenga
Yn septimber sil de CD Uit angst voor de holheid fan Jankobus Seunnenga - dy't oant dit jier de helte útmakke fan it duo 'Pigmeat' - presintearre wurde. Foar dizze CD is troch Seunnenga wurk fan yn Fryslân berne dichters op muzyk setten. Dêrûnder binne twa gedichten fan Simon Vestdijk: De uiterste seconde en Keuvelend met verliefde kronen. Mear ...
11 augustus 2009
Frijmitseldersargyf oan HSL yn bewarring jûn
It Histoarysk Sintrum Ljouwert hat okkerdeis mei it argyf fan Frijmitselderslôzje "De Friesche Trouw" in tige wichtige oanwinst yn hûs helje kind. It argyf beslacht de perioade 1839-1999 en befettet neist ûnder oare notuleboeken inkelde nijsgjirrige albums mei ynformaasje dy't werom giet oan it oprjochtingsjier fan de lôzje (1782). Mear ...
26 juny 2009
Marten Winters stedskeunstner
Byldzjend keunstner Marten Winters is de earste stedskeunstner fan Ljouwert. Sjueryfoarsitter Kees Botman makke dit ôfrûne tiisdei bekend yn 'e Eekhoffseal fan it HSL. De striid om it stedskeunstnerskip gie tusken de nominearre keunstners Alex Kooistra, Koos Dalstra, Marten Winters, muzikant Laurens van der Meulen en fotograaf Lex Ensing. Mear ...
25 juny 2009
Nijste midsimmer-arranzjminten stelle Âldehou sintraal
Neist besteande stedskuiers ûnder lieding fan in stedsgids hat Ljouwert der yn 'e simmermoannen july en augustus mei de Midsimmerfar-en kuiertocht en In sneintemiddei Ljouwert wer twa nije toeristyske produkten by. It by jûnstiid beklanterjen fan 'e Âldehou heart hjirby ta de mooglkiheden. Mear ...
18 juny 2009
Hendrik van Wijn-pinning takend oan argivaris Rienk Jonker
Ofrûne moandei is oan gemeente-argivaris en beliedsmeiwurker Ynformaasjebehear Rienk Jonker op it kongres fan de Keninklike Feriening fan Argivarissen yn Nederlân de Hendrik van Wijn-pinning takend. Rienk krige dizze pinning foar syn bysûndere fertsjinsten foar it argyfwêzen. Mear ...
13 juny 2009
Rûnlieding eksposysje Roomsk Ljouwert
Sneintemiddei 21 juny fersoargje de gearstallers fan de eksposysje 'Yn it ferhoalene' in rûndlieding troch de útstallingsromte. Tjebbe de Jong, Hans Jorna en Frans Prins fertelle oan 'e hân fan topstikken oer it katolike libben yn Ljouwert fan 'e Reformaasje ôf oant mids njoggentjinde ieu. Mear ...
12 juny 2009
Stedskuiers yn mp3 foar de jongerein
Fan 12 juny ôf kin de jongerein fan 10 oant 14 jier mei in MP3 spiler de skiednis fan Ljouwert op strjitte ûntdekke. De Ljouwerter Histoaryske Feriening Aed Levwerd hat yn oparbeidzjen mei it HSL twa fergese stedskuiers ûntwikkele. Dizze fiere lâns in ferskaat oan nijsgjirrichheden. Mear ...
5 juny 2009
Grêven dierberen no mei pear mûsklikken te finen
Wethâlder Marco Florijn hat op 4 juny op it begraafplak yn Huzum in digitale ynformaasjepylder yn gebrûk naam. Besikers fan sawol it Noarder- as Huzumer begraafplak kinne no op it plak sels grêven opsykje en in rûtekaartsje nei it grêf útprintsje. Dizze nijste service oan de boarger is ek mooglik fia it Digitaal Loket fan de gemeente Ljouwert.
4 juny 2009
Boek Anne Feddema presintearre
Op tongersdei 4 juny hat Pieter de Groot it nijste boek fan Anne Feddema presintearre. De titel fan it boek is “Skúnpútsersgúd”. It befettet sa'n fjirtich smoute ferhaaltsjes yn it Liwwadders dy't Feddema earder foarlêzen hat foar Omrop Fryslân. De skriuwer lies sels in stikmannich fan dizze stikjes foar en waard troch Geart de Vries ynterviewd. In seleksje fan 20 ferhaaltsjes is ek op CD útbrocht.
2 juny 2009
Pier pander museum wer iepen!
It Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL), behearder fan Pier Pander Museum en Pier Pander Timpel, jout ek dit seizoen it publyk wer de gelegenheid om te genietsjen fan it wurk fan byldhouwer Pier Pander. Museum en timpel binne yn 'e perioade fan 6 juny oant en mei 30 septimber eltse sneon en snein iepen fan 13.00 tot 17.00 oere. Sjoch ek op it webstek fan it museum.
20 maaie 2009
Foto's Ljouwerteradiel online!
Okkerdeis is in grut part fan it byldmateriaal fan dokumintaasjestifting Ljouwerteradiel fia it World Wide Web fanút 'e hûskeamer op jo eigen kompjûter te besjen. Yn gearwurking mei it Histoarysk Sintrum Ljouwert wurdt al in skoftsje wurke oan it beskikber stellen fan alle foto's fan 'e stifting fia it ynternet. Mear...
15 maaie 2009
Sneintemiddei 14 juny lêzing oer It Gabbema Gasthûs
Monuminteman Leo van der Laan fertelt oan 'e hân fan in protte plaatsjes oer de arsjitektuer en skiednis fan in bysûndere kreaasje fan W.C. de Groot. Dizze krige likernôch in ieu ferlyn opdracht om in nij Gabbemagasthûs oan 'e Wybrand de Geeststrjitte te ûntwerpen. Dit moast it âlde ûnderkommen oan Efter de Grutte Tsjerke ferfange. Mear ...
12 maaie 2009
Fan diakonyhûs oant ferpleeghotel: 250 jier Hofwyck
Yn 'e wike fan 11 maaie fiert de Hofwyck har 250-jierrich jubileum. Op 22 maart 1758 waard mei de ferbouwing fan it Holdingahûs - "de âld munt" - yn 'e Ljouwerter binnenstêd út ein set. De herfoarme diakony hie dit oankocht om der in gasthûs foar siken, ûngelokkigen, widdowen en wezen fan te meitsjen. Mear ...
8 maaie 2009
Diskusjejûn foar alle ynwenners fan Ljouwert
It op 'e nij útgraven fan 'e Iewal, de weropbou fan Amicitia en de Nijetoer: is dit skiednis of kitsch? Jo kinne jo eigen miening hjiroer jaan op 'e diskusjejûn foar alle ynwenners fan Ljouwert! Lykas yn in protte stêden yn Nederlân spylje der ek yn Ljouwert ideëen om histoaryske eleminten dy't ea ferlern gongen binne wer werom te bringen yn it hjoeddeiske stedsbyld. Wat fine jo dêr eins fan? Mear ...
28 april 2009
Iepening eksposysje 'Yn it ferhoalene': Ljouwerters en harren skûltsjerken
Oan 'e hân fan topstikken en bysûndere dokuminten út de eardere Sint Vitustsjerke op it Aldehoustertsjerkhôf, de eardere katolike skûltsjerken en parochjes yn 'ee stêd, lit de eksposysje 400 jier katolyk libben yn Ljouwert sjen. Iepeningsbydragen wiene der fan drs. Robert Schillemans, konservator fan Onse Heer op Solder yn Amsterdam en Mgr. dr. G.N.J. de Korte, bisskop fan Grins en Ljouwert. De lêste die ek de iepeningshanneling. Yn it ferhoalene is fan 28 april ôf oant en mei 13 septimber yn it HSL te sjen. De eksposysje is ta stân kommen troch gearwurking tusken leden fan de Stichting Open Deur/ Titus Brandsma Huis en it HSL. Meer ...
24 april 2009
'Fereale op Tytsje' op 'e Nij op tillevyzje
Wa is dochs dy westerske frou dy't op in protte sûvenirs út Japan foarkomt? Dy't yn foaroprinnende Japanske musea op skilderijen ôfbyld stiet? Se is Frysk, se hjit Titia Bergsma, komt oarspronklik út Ljouwert en libbe twa ieuwen werom. René Bersma is yn 'e fierte besibbe oan Titia. In 1999 hearde er by tafal oer har en rekke fassinearre troch har libbensferhaal. Troch René Mendel en Paul Kramer is der in film oer makke, yn in koproduksje fan Interakt en AVRO. De film sil útstjoerd wurde by de AVRO op sneon 25 april op Nederlân 1 om 10.30 oere. Mear ...
16 april 2009
Befolkingsregister 1859-1904 fan hjoed ôf digitaal beskikber
Mei yngong fan hjoed is it Ljouwerter Befolkingsregister oer de perioade 1859-1904 digitaal beskikber. It fia ynternet beskikber stellen fan de registers is in grut projekt dat noch hieltiten trochrint, dochs wol is der no in wichtich part beskikber. HSL-frijwilligers hawwe harren de ôfrûne jierren ut de naden wrotten mei it meitsjen fan brûkbere yndeksen dêr't it bedriuw Pictura mei út 'e fuotten koe. Hja hawwe de registers digitalisearre en dêrnei oan 'e yndeksen keppele. De perioade 1848-1859 sil nei alle gedachten net lang mear op him wachtsje litte. Sjoch hjir om de registers ynsjen te kinnen.
14 april 2009
Histoaryske bylden út ferfleine tiden Wilhelminaplein
Op it dak fan parkeargaraazje Saailân wurdt sûnt sneon 11 april in trochrinnende presintaasje fan histoarysk byldmateriaal yn relaasje ta it Wilhelminaplein fertoand. It plein sil de kommende trije jier drastysk op 'e skeppe naam wurde. Sûnt it ûntstean nei de dimping fan de âlde Hearegrêft yn 'e maaitiid fan 1846 mei it each op de bou van it Paleis fan Justysje is der, yn relaasje ta de romtlike belibbing fan de Ljouwerters, praktysk neat mear oan it plein feroare. Wol krige de súdlike gevelwand yn 'e jierren nei 1864 stikje by bytsje syn hjoeddeiske útstrieling.
7 april 2009
Tussen 600 en 700 besoekers op Liwwadderdag 2009
Aflopen sundag 5 april was ut weer soafer. Na de uuterst suksesfolle Liwwadderdagen fan 2000 (Iesbaankwattier), 2003 (Fliet e.o.) en 2006 (Húzum), was ut nou de beurt an ut Ouwegleien en omgeving. Naar skatting tussen de ses en seuven honderd meensen kwamen naar salen Skaaf om an 'e han fan beelmateriaal herinneringen op te halen an 'e ouwe buert en om ouwe bekenden teugen te kommen. Tussendeur interfjoewde nijbakken HSL-direkteur (en oud-omropman) Geart de Vries (oud)bewoaners fan deze oarspronklike foorstad fan Liwwadden.
3 april 2009
Ynskriuwing sympoasium 'Tusken skiednis en kitsch' iepene
Yn Ljouwert wurde sa út en troch ideeën lansearre oer it yn it stedsbyld werombringen fan eleminten fan ynfrastruktuer, gebouwen of strjitmeubilêr dy't der yn it ferline troch ferskillende oarsaken út ferdwûn binne, lykas bygelyks it op 'e nij útgraven fan de Iewal (dimpt yn 1884) en it wer opbouwen fan de 16de-ieuske Nije Toer (ek yn 1884 ôfbrutsen). De gemeente Ljouwert - benammen it HSL en it buro Monumintesoarch - wol, yn oparbeidzjen mei de Stichting Erfgoed Nederland, in bydrage leverje oan dit rekonstruksjedebat. Mear ...
31 maart 2009
Lêzing NGV oer tichelflierren yn Fryske tsjerken
Op de moannegearkomste fan 'e Nederlands Genealogische Vereniging op takomme sneontemiddei - alwer de lêste fan it winterskoft 2008-2009 - sil de hear H. de Jong op 'e tekst oer ôfbyldings op tichelflierren yn Fryske tsjerken. Dêrnei is der gelegenheid ta it foarlizzen fan tûkelteammen dêr't jo by jo genealogysk ûndersyk oer stroffele binne. Betûfte sneupers fan de NGV sille op it genealogysk sprekoere besykje om jo te advisearjen. Sawol leden fan de NGV as oare belangstellenden binne tige wolkom.
24 maart 2009
Akten Boargerlike Stân digitaal te besjen fia ynternet
Sûnt 23 maart 2009 binne alle iepenbiere akten fan berte, houlik en ferstjerren fan in grut mannich Fryske gemeenten fergees fia it webstek www.allefriezen.nl te rieplachtsjen. Deputearre Jannewietske de Vries ‘iepene' it webstek op it gemeentehûs yn Wommels. It digitalisearrings-projekt is in mienskiplik ynisjatyf fan de provinsje Fryslân, de dielnimmende gemeenten, Streekargivariaat Noard-East Fryslân, Histoarysk Sintrum Ljouwert, Tresoar en it digitalisearringsbedriuw Pictura. Mear ...
17 maart 2009
Stedskuier Ljouwerter Froulju boppeslach
Yn it ramt fan de Ynternasjonale Frouljuswike naam wethâlder Isabella Diks-Jacobs belangstellenden ôfrûne sneintemiddei mei op in stedskuier lâns plakken dy't mei de skiednis fan Ljouwerter froulju te krijen hiene. De rûte fierde lâns wenhuzen fan ferneamde froulju, sa as bygelyks Mata Hari en Nynke van Hichtum, adelshuzen, huorrekasten, winkelpânen en hofkes. Troch de grutte belangstelling moast de groep fan likernôch 60 persoanen yn trijen opdield wurde. Marc Jacobs, echtgenoat fan Isabella, makke de folgjende dia-ympresje ...
13 maart 2009
Oanbieding earste eksimplear boek 'Oarsprongen fan it Stedfrysk'
De Fryske Akademy presintearret yn gearwurking mei it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL) op woansdei 18 maart oankommend it boek Oorsprongen van het stadsfries. It Stedsk wie yn in grut part fan de 20e ieu de wichtichste omgongstaal yn steden as Ljouwert, Snits en Boalsert. Ferd Crone, boargemaster fan de gemeente Leeuwarden, sil it earste eksimplaar fan it boek oanbean krije. De oanbieding is ûnderdiel fan in feestlik programma, dat fan 16.00 oere ôf yn it HSL oan de Grienewei 1 yn Ljouwert plakfine sil. Mear ...
9 maart 2009
Sneintemiddei 15 maart stedskuier frouljusskiednis
Yn it ramt fan de Ynternasjonale Frouljuswike nimt wethâlder Isabella Diks ynteressearden mei op in stedskuier lâns plakken dy't mei de skiednis fan froulju yn Ljouwert te krijen hawwe. De rûte fiert ûnder oare lâns wenhuzen fan ferneamde froulju (sa as bygelyks Mata Hari, Trui Jentink, Maaike Muoi en Nynke van Hichtum) dochs ek adelshuzen, bordelen, winkelpânen en hofkes. Dielname oan de stedskuier is fergees, doch opjefte fantefoarren is wol in pré omt mar in beheind tal kuierders mei op'e rûte kin.
3 maart 2009
Wurdum krijt houten replika soldaatsje Barrahûs
Wurdum krijt in houten replika fan it soldaatsje fan Barrahûs, wêrfan it okkerdeis restaurearre orizjineel in plakje krigen hat yn 'e hal fan it HSL. De houten kopy dy't Wergeaster Hans Sinnema makket wurdt in stik moaier dan it orizjineel. Sinnema makke in wiidweidige stúdzje fan it grenadierke út in Frysk regimint fan sa om 1750 hinne. As it byldsje klear is, sil it by de pleats fan de famylje Jongbloed pleatst wurde. Net op itselde plak dêr't it altiten stie, dochs op in plak der tsjinoer oan'e Brédyk. "Sa hawwe de Wurdumers lang om let harren soldaatsje werom."
26 febrewaris 2009
Ferneamde Ljouwerters dimpe lûd entree stedhûs
It stimlûd galmet in stik minder slim yn 'e entree fan it âlde stedhûs oan it Riedhûsplein sûnt de plafonds fersjoen binne fan panielen. Neist praktisch nut tsjinje se ek in estetysk doel. De doeken binne nammentlik beskildere mei portretten fan ferneamde Ljouwerters. In argeleaze besiker dy't op syn ôfspraak wachtet yn it Ljouwerter stedhûs en omheech sjocht, stiet samar each yn each mei Saskia Ulenburgh, de frou fan Rembrandt. It idee foar de portretten kaam oorspronklik fan Marc van Roosmalen, de arsjitekt dy't de restauraasje fan it stêdhûs ûntwurpen hat. Mear ...
25 febrewaris 2009
Superfroulju by HSL yn Frouljuswike
Op 8 maart wurdt yn 'e hiele wrâld Ynternasjonale Frouljusdei fierd. Nei alderwenst fynt om dy dei hinne de Fryske Frouljuswike plak. Fan 5 oant en mei 15 maart sille der op tal fan plakken mear as 60 aktiviteiten organisearre wurde. It tema is dit jier ‘Superfrou'. It HCL komt mei in programma oer frouljusskiednis yn Ljouwert. Fan 14.00 oere ôf liede HSL-meiwurkers rûn troch de útstallingsromten en depots. Underweis wurdt stilstean by skilderijen, foarwerpen en dokuminten fan of mei Ljouwerter froulju. Ek Amnesty International is de hiele middei mei in kream yn it HSL oanwêzich. Mear ...
20 februari 2009
Presintaasje Aed Levwerd Wurkferbân Argeology op 1 maart
It wurkferbân Argeology fan de Ljouwerter Histoaryske Feriening Aed Levwerd fersoarget op takomme 1 maart oan 'e hân fan in heal oere duorjende presintaasje in programma yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Ut wurkferbân is ûntstean troch de gearwurking fan in stikmannich amateurargeologen. Tsjintwurdich foarmje hja in wurkferbân ûnder de flage fan de Histoaryske Feriening. Rieplachtsje fral ek de Aed Leverd-webside foar mear ynformaasje. Mei help fan fynsten en byldmateriaal sil op dizze sneintemiddei in oersjoch jûn wurde fan de nijsgjirrige wurksumheden fan it wurkferbân.
19 febrewaris 2009
22 febrewaris: dialêzing oer it ferline fan it Saailân
Okkerdeis is lang om let it griene ljocht jûn ta it út ein setten fan it projekt Nij Saailân. Kommende tiid sil it gebiet drastysk op 'e skeppe naam wurde. Eins soe de namme fan it projekt Nij Wilhelminaplein wêze moatte, omt it hjoeddeiske Saailân inkeld de súdike bebouwing tusken Wurdumerdyk en Westerkaai omfettet. De namme is ûntliend oan in perseel boulân, dat foar de om 1622 hinne útfierde festingwurken lyk súdlik fan de (doetiids) bûtenste stedgrêft lâns it Ruterskertier lei. HCL-meiwurker Klaas Zandberg wol ynteressearden oan 'e hân fan in diapresintaasje meinimme nei it Saailân fan eartiids.
16 febrewaris 2009
Priisfraach ûntwerp fontein klearebare sunigens
Yn 1923 waard nei in útskreaune priisfraach troch de Feriening foar Frjemdlingeferkear (VVV) de Merkuriusfontein oan 'e stêd Ljouwert presint dien. De Merkuriusfontein stiet symboal foar de boarnen fan wolfeart fan Ljouwert (en omkriten) en waard ûntwurpen troch de Dútske byldhouwer Gustav Adolf Bredow. Huub Mous brocht ôfrûne sneintemiddei de wiere reden oan it ljocht op hokker wize de fontein yn Ljouwert bedarre is. Dêrmei ûntkrêftige er in al 85 jier besteande myte, as soe de fontein in ôfkard ûntwerp foar de de Argentynske haadstêd Buenos Aires west hawwe. Mear oer dizze iepenbiering op Mous' webside.
13 febrewaris 2009
Huub mous vertelt op 15 februari over de Mercuriusfontein
Yn 1923 waard de Merkuriusfontein troch de Feriening foar Frjemdlingeferkear (VVV) oan de stêd Ljouwert presint dien. De Merkuriusfontein stiet symboal foar de boarnen fan wolfeart fan Ljouwert (en omkriten) en waard ûntwurpen troch de Dútske byldhouwer Gustav Adolf Bredow. It plak oan 'e Wurdumerdyk, dêr't de fontein sûnt de tweintiger jierren stean hat, sil meikoarten mei it each op 'e bouplannen foar it Saailân drastysk werynrjochte wurde. De fontein sels sil in nij plakje foar it beursgebou krije. Byldzjende keunstkenner Huub Mous sil oan 'e hân fan illustraasjes oer de fontein fertelle. Mear ...
10 febrewaris 2009
Freed 13 febrewaris lêzing prof. dr. Halleh Ghorashi
Yntegraasje fia it hert en net fia de regels. Dat is it tema fan de lêzing fan prof. dr. Halleh Ghorashi, bysûnder heechlearaar Management fan diversiteit en yntegraasje oan 'e Frije Universiteit fan Amsterdam. Yn har lêzing dy't as bysûndere aktiviteit plak fynt yn it ramt fan de fotoútstalling Thuis in Leeuwarden, multicultureel samenleven in de Friese hoofdstad, giet Ghorashi yn op it tema yntegraasje en de paradoksale prosessen dy't him hjirby ôfspylje. Wat is no eins de betsjutting fan yntegraasje? Geane wy safier om yntegraasje as slagge oan te merken as migranten stamppot ite en op klompen rinne?
5 febrewaris 2009
Bearn Bilker ûntbleatet infopaniel Jelsumer Binnenpaed
It Jelsumer Binnenpaed is in âld tsjerkepaad dat fan Ljouwert út nei Stiens (en nei alle gedachten fierder) rûn. In part dêrfan is okkerdeis wer yn 'e âlde steat werom brocht, wêrtroch in trochgeande kuier oan Dekema State ta mooglik makke is. De Stichting Staten en Stinzen hat him de ôfrûne jierren ynsetten om dit paad omtinken te jaan. As slútstik woe hja graach in infopaniel pleatse by de rûte. Troch stipe fan de Stichting Old Burger Weeshuis, Stichting Stinzeflora en Wykpanel Bilgaard is dit no slagge. De foarsitter fan de stichting, Bearn Bilker, sil it paniel op freedtemiddei 6 febrewaris op paste wiize presintearje.
30 jannewaris 2009
Thús yn Ljouwert: 'Toskaanske FAZZI's setten harren hjir 140 jier ferlyn del te wenjen'
As bysûndere aktiviteit yn it ramt fan de fototútstalling Thuis in Leeuwarden, multicultureel samenleven in de Friese hoofdstad sil Jacopo Fazzi op snein 8 febrewaris fertelle op hokker wize syn pake mei deselde namme yn 1878 yn Ljouwert bedarre en oan it Lyts Skavernek mei in byldemakkerij út ein sette. Dernjonken fertsjinne der in pear stuorren by troch it meitsjen fan Italiaansk iis en de ferkeap dêrfan. De Fazzi's hearden ta de groep fan typyske Italiaanske ambachtslju dy't harren fan 'e 18e ieu ôf as nijkommers yn Nederlân festigen. Ek hearden terazzowurkers, waarglês-makkers en skoarstienreagers ta dizze groep nijkommers. Meer ...
27 jannewaris 2009
Help Pake en Beppe de fakânsje troch!
Yn 'e Fryske kulturele doch-wike Help Pake en Beppe de fakânsje troch! organisearret it HSL in ferskaat oan aktiviteiten. Fan tiisdei 17 o/m freed 20 febrewaris kinne bern fan 4 o/m 12 jier hjir fergees oan meidwaan. Pakes en Beppes lûke der hieltiten faker op út mei harren pake- en beppesizzers, dochs it kostet bytiden muoite om wat aardichs te betinken dat hja meiïnoar dwaan kinne. 35 Fryske musea en argiven spylje hjir op yn troch yn 'e maaitiidsfakânsje in wike te organisearjen dy't stiif stiet fan de aktiviteiten. De tagong foar bern is fergees as ja mar in pake of beppe sjen litte kinne. Sjoch hjir foar it folsleine programma fan it HSL.
25 jannewaris 2009
Diskusjejûn: Ljouwert, stêd fan miste kânsen?
Ljouwert hat yn de jierren '50 neist de pot pisse en yn ekonomysk mêd de planke misslein. It Histoarysk Sintrum Ljouwert organisearret op woansdei 4 febrewaris in diskusjejûn oer de fraach oft Ljouwert in stêd fan miste kânsen is. Fjouwer ynlieders sille op dizze jûn harren ljocht skine litte oer dizze kwestje en mei elkoar en it publyk yn diskusje gean. Piet Lukkes sprekt oer wurkgelegenheid en ynfrastruktuer in Ljouwert, Meindert Schroor hat it oer Ljouwert as sintrumplak yn Fryslân .... mear
16 jannewaris
Sneinsêzing oer alveêdetochten
George Schweigmann, winner fan 'e Ljouwerter Pommerantepriis 2008 en âld bestjoerslid fan 'e - sûnt 15 jannewaris 2009 Keninklike - Feriening De Friese Elf Steden, sil op sneintemiddei 25 jannewaris yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert fertelle oer syn belibbenissen as dielnimmer oan de alvestêdetochten fan 1933 ôf. Schweigmann hat fan 1942 ôf as toerrider meidien oan alle tochten en hat 25 jier in warber bestjoerslid west fan 'e Alfstêdeferiening. Hy is ien fan de âldste noch libbende leden fan de feriening. Mear ...
8 jannewaris 2009
Sa'n 500 besikers op Nijjiersgearkomste Histoarysk Ljouwert
Sa'n 500 belangstellenden hawwe it paad fûn nei de nijjiersgearkomste fan 'Histoarysk Ljouwert'. Op in smoute gearsit op woansdei 7 jannewaris yn it eardere Hûs fan Bewarring De Blokhuispoort waard troch Aed Levwerd-foarsitter Jes Wassenaar weromsjoen op in tige slagge 2008. Dêrneist yntrodusearre der Geart de Vries dy't mei yngong fan 1 febrewaris út ein sette sil as direkteur fan it HSL, en dy't yn in earste reäksje oan joech d'r sin in te hewwen. Sjoch ek de video-ympresje.
7 jannewaris 2009
Besyk HSL yn 2008 fertrijefâldige
Yn 2008 koe it HSL 16.509 besikers wolkom hjitte; it jier dêrfoar 5.974. It tal skoallebern, studinten en leararen ensfh.. kaam út op bygelyks 1500; ek al hast trije kear safolle as yn 2007. Grutste pubykslûkers wienme de eksposysjes. De útstalling oer de jierren fyftich mei foto's fan Bas den Oudsten titele Leeuwarden in de luwte luts de measte besikers. Mear ...
30 desimber 2008
LC-webcam lit iiswille Aldehoustertsjerkhôf sjen
Fan sneon 6 desimber 2008 o/m snein 18 jannewaris 2009 wurdt it Winterfeest yn Ljouwert fierd. Spesjaal foar dit barren is der in kunstiisbaan mei winterpaviljoen op it Aldehoustertstsjerkhôf oanlein. Yn de Aldjiersnacht sal hjir it ôftelfeest foar it nije jier plak fine. Ek sil yn jannewaris omtinken jûn wurde oan it feit dat op 'e kop ôf in ieu lyn de earste alvstêdetocht ferriden waard. Sjoch hjir de livebylden fan de LC-webcam.
17 desimber 2008
Nije ekposysje HSL fanôf 12 jannewaris
Op moandei 12 jannewaris fynt yn it HSL de iepening plak fan de fotoeksposysje Thuis in Leeuwarden, multicultureel samenleven in de Friese hoofdstad. Op dizze eksposysje is it wurk te sjen fan fotografen fan de Fotoklub Ljouwert. Frans Fazzi, Dolph Kessler, Jantine van der Knaap en Age Okkema folgen in goed jier nijkommers yn Ljouwert. Mear ...
17 desimber 2008
Woansdei 7 jannewaris Nijjiersgearkomste Histoarysk Ljouwert
De gemeentlike Monumintesoarch, de Ljouwerter Histoaryske Feriening 'Aed Levwerd' en it Histoarysk Sintrum Ljouwert organisearje kommende woansdei 7 jannewaris al wer de njoggende, neffens in protte de gesellichste nijjiersgearkomste fan Ljouwert, foar alle minsken dy't de histoary fan de stêd in waarm hert tadrage. De lokaasje is dit kear de eardere finzenis en Hûs fan Bewarring de Blokhûspoart. Mear ...
10 desimber 2008
Oplevering earste Parkvilla's Sint Bonifatiuspark
Op freed 12 desimber sil op offisjele wize de oplevering fierd wurde fan de earste Parkvilla’s yn it Sint Bonifatiuspark yn Ljouwert. Boargemaster Ferd Crone sil ta gelegenheid hjirfan yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert it boek Sint Bonifatiuspark fan skriuwer Hans Offringa oerlangje oan de keapers fan de earst oplevere Parkvilla. It boekwurk is in tiidsdokumint dêr't in wichtich stik Ljouwerter skiednis yn fêstlein is. Mear ...
3 desimber 2008
Skiednis gebiet De Súdlannen op skrift steld
It gebiet fan it Ljouwerter útwreidingsplan De Súdlannen bestiet al tûzenen jierren en dat jout in perspektyf, krekt like wrydsk as it griene lân tusken de stêd en de doarpen. Yn dit boek is de histoaryske ûntjouwing fan it gebiet festlein. Dêrnjonken wurde "finsters" iepene op bysûndere episoaden sa as it passearjen fan in Romeinsk offisier, in grutte natuerramp, it gewrot fan de Midsieuske muontsen en de rekonstruksje en ûndergong fan de terp fan Techum.
3 desimber 2008
Freed 19 desimber Sixties ûnder de âldehou
Fantastysk 'sixties' spektakel, te ferlykjen mei de earste "sound of the sixties" feesten yn 'e Frieslandhal en de Harmonie yn 'e jierren '90. Tagelyk boekpresintaasje Dirk Kamminga oer ferskaat oan Ljouwerter bands út 'e rûzige jierren sechtich. Optredens fan New Gold Dixie Stars, Crazy Rythms, The Phantoms, Mystery Five, Happy Tunes. Pauzes wurde opfolle troch DJ Sierk Goedemoed. Ek is der in "surprise act".
26 novimber 2008
Lêzing prof. Dr. S. Groenveld oer de 80-jierrige oarloch
Jûn is der in lêzing dy't yn it ramt fan de kampanje Verleden van Nederland jûn wurdt troch prof. Dr. S. Groenveld. Dit yn ferbân mei it ferskinen fan syn nije boek oer de 80-jierrige oarloch. Benammen de rol fan de Fryske steedhâlder Willem Lodewyk (Us Heit) sil dêrby beljochte wurde. Groenveld kin beskôge wurde as ien fan de meast saakkundige histoarisy op it mêd fan de skiednis fan de Nederlannen om 1600 hinne.
26 novimber 2008
Lêzing oer klassike weinen op snein 30 novimber yn it HSL
Koarte lêzing troch Machienus Geersing oer auto's út 'e perioade sa. 1950-1965. Yn 'e jierren '50 feroare ek hjir de auto fan in seldsum ferskynsel ta in deistich strjitbyld. Lúkse auto's foar notabelen waarden hieltiten mear ferdrongen troch kevers, dafkes en oare 'goedkeape' eksimplearen. Dizze lêzing wurdt mei organisearre yn it ramt fan de kampanje Verleden van Nederland.
25 novimber 2008
Kultuer-toeristyske Kuierrûte presintearre
Op moandei 24 novimber hat de Ljouwerter Histoaryske Feriening Aed Levwerd yn it Atrium fan it Natuermuseum Fryslân de tredde kultuer-toeristyske kuierrûte presintearre. De rûte fiert lâns wenhuzen fan ferneamde Ljouwerters troch de ieuwen hinne en is fan 1 desimber ôf yn folderfoarm beskikber yn 'e winkel fan it HSL. Nei de presintaasje fûn de útrikking plak fan de jierlikse Aed Levwerd Pommeranten Pries. Mear ...
24 novimber 2008
Presintaasje tredde kultuer-toeristyske kuierrûte
Op moandei 24 novimber presintearret de Ljouwerter Histoaryske Feriening Aed Levwerd yn it Atrium fan it Natuermuseum Fryslân de tredde kultuer-toeristyske kuierrûte dy 't lâns wenhuzen fan ferneamde Ljouwerters troch de ieuwen hinne fiert. Oanslutend sil foar de sechsde kear de útrikking plak fine fan de jierlikse Aed Levwerd Pommeranten Pries. De oanfang is om 20.00 oere.
31 oktober 2008
Skiednis fuotbal yn Ljouwert beljochte yn HSL
Op sneintemiddei 16 novimber sil âld-sjoernalist en fuotbalkenner Willem Stegenga de bal yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert rolje litte. Figuerlik dan, út soarte. Yn in koarte lêzing, dy't lardearre wurde sil âlde foto's, sil in skets jûn wurde oer de skiednis fan it fuotbal yn Ljouwert. Wa stiene der oan 'e widze, wa hawwe it berntsje yn libben holden en ...
31 oktober 2008
Lêzing skiednis wyk Skieringen-Heechterp op 19 novimber
Op 19 novimber sil troch Judith de Ruiter yn it HSL in lêzing holden wurde oer de wyk Skieringen-Heechterp mei as titel Stedsútwreiding yn Ljouwert tusken 1950 en 1965: it Ljouwerter antwurd op 'e nei-oarlochske folkshúsfêstingsproblematyk. De wyk Heechterp wie yn Ljouwert it earste dúdlike foarbyld fan in grutskalich útwreidingsplan, dêr't de ûntsteansskiednis fan rûchwei de perioade 1955 oant 1965 beslacht. Mear ...
24 oktober 2008
Ynternasjonale konferinsjegongers besykje HSL
Fan 21 o/m 24 oktober fûn op 'e Stenden Hegeskoalle de earste Europeeske Konferinsje Bridging the North-South Divide through Sustainable Tourism Development plak, organisearre troch it Institute for International for Peace through Tourism yn gearwurking mei de Stenden Hegeskoalle. Underdiel fan 'e konferinsje wie in besite oan it HSL mei oanslutend in stedskuier troch de histoaryske binnenstêd. Mear ...
23 oktober 2008
Tink en praat mei oer de fyzje fan it gebiet om de Blokhûspoart hinne
Oprop oan alle Ljouwerters dy't it wol witte! ARK fryslân, it platfoarm foar arsjitektuer en romtlike kwaliteit, is fan miening dat it gebiet om de Blokhûspoart hinne omtinken fertsjinnet. Dêrom organisearret hja op freed 31 oktober fan 14.00 - 21.00 oere in workshop yn de Blokhûspoart foar eltsenien dy't meitinke en prate wol oer dit gebiet. Mear ...
22 oktober 2008
Koarte Lêzing oer Ljouwert yn 'e Gouden Ieu op 2 novimber
Us skiedskriuwing neamt De Gouden Ieu gauris yn ien sike wei mei Amsterdam, omt dizze stêd in haadrol spyljen gyng yn 'e ynternasjonale hannel. De wolfeart naam hjirtroch substânsjeel ta en der koe fan in bloeiperioade sprutsen wurde dy't de Gouden Ieu neamd waard. Foar de Gouden Ieu kin men dochs ek nei Ljouwert. Mear ...
22 oktober 2008
Boek Stêdebân Ljouwert-Norwich presintearre
Op snein 19 oktober hat yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert de presintaasje plak fûn fan it boek ... The friendship between our two cities ... De stedenband tussen Leeuwarden en Norwich 1945 - 1968, gearstald troch Gerk Koopmans en Leendert Plaisier. De oplaach fan de publikaasje is mar beheind en wurdt dan ek selektyf verspraat. It boekje kostet € 10,--. Mear ...
10 oktober 2008
Tredde bondel histoaryske 'Dossier-ferhalen' LC ferskynd
Nei't de Ljouwerter Krante yn gearwurking mei it HSL op 5 juny 1993 út ein setten wie mei de earste ôflevering fan de protte lêzen en priizge rubryk Dossier Leeuwarden - in rige histoaryske ferhalen oer de stêd Ljouwert - fûn de redaksje it yn 2006 tiid wurden om it omtinken út te wreidzjen nei in trijetal oare Fryske plakken: Snits, Harns en Dokkum. Mear ...
10 oktober 2008
Stedskuiers, besite Aldehou en mear yn Wike fan de Skiednis
Yn 'e Wike fan de Skiednis (11 o/m 19 oktober) binne der tal fan aktiviteiten yn Ljouwert. Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL) en Ljouwerter Histoaryske Feriening organisearje likernôch eltse dei (fergees) in stedskuier, lêzing of in oar histoarysk evenemint, dêr't de measte fan mei it lanlike tema 'ferhalen' te krijen hawwe. Mear ...
9 oktober 2008
'Leeuwarden toen' Yn Muzyksintrum Schaaf
Muzyksintrum Schaaf organisearret op sneon 18 oktober yn gearwurking mei it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL), RTV Mercurius en Muzykferiening The Chairwinders in smout barren ûnder de titel ‘Leeuwarden Toen'. Muzyk ût 'e lange jierren fyftich. Op dizze jûn sille tal fan bandsjes optrede dy't muzyk hearre litte sille út 'e jierren fyftich of dy't e eartiids sels al muzyk makken. Mear ...
22 septimber 2008
Kulturele boattocht Ljouwert-Harns
It Histoarysk Sintrum Ljouwert, Tresoar, provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân en de gemeenten Harns en Frentsjerseradiel organisearje yn it ramt fan de Lanlike Argivedei op 11 oktober 2008 in bysûndere aktiviteit: in kulturele boattocht fan Ljouwert nei Harns oer it Van Harinxmakanaal. Oan board sil in stikmannich koarte, nijsgjirrige lêzings jûn wurde. Mear ....
15 septimber 2008
Blokhûspoart drokst besochte monumint fan Nederlân
Ofrûne sneon wie de Blokhûspoart foar it earst yn 22 jier iepgen steld foar it publyk. Dit yn it ramt fan de jierlikse lanlike Iepen Monuminte Dei. Sa't sein waard wie de Blokhûspoart it drokst besochte monumintyn it lân. Mar leafst sa'n 18.000 minsken soene de ûntromme finznis besocht hawwe. Sjoch hjir de ympressje dy't Omrop Fryslân makke fan dizze dei. Mear .... .
11 septimber 2008
Anjo Veeman fertelt oer Wurdumerpoort op 21 septimber
Anjo Veeman sil op snein 21 septimber in lytse lêzing fersoargje oer de skiednis fan de Wurdumerpoart. Okkerdeis kamen de fondaminten fan dit 173 jier nei de sloop noch hieltieten ta de ferbylding sprekkende kompleks wer foar it deiljocht. Ien eachopslach wie foar Veeman genôch om wer in tal nije oanknopingspunten op te smiten. Oanfang 14.00 oere yn it HSL.
25 augustus 2008
Fondearring fan yn 1835 sloopte Wurdumer poart okkerdeis wer te sjen
Tusken 18 en 22 augusus koene de Ljouwerters harren foar it earst yn likernôch 30 jier wer fergapje oan de âlde fondearringsrestanten fan it ea sa manske gebou fan de Wurdumerpoart dat oant 1835 de súdlike yngong fan de stêd markearre. Anjo Veeman hat wiidweidich ûndersyk nei de poart dien. Syn stúdzje is foar E 25,-- by it HSL te keop. Mear ....
22 augustus 2008
Frysk festival ek yn Pier Pander Timpel
Op it festival is fan 22 o.e.m. 31 augustus eltse jûn om 19.00 oere in lêzing yn de Pier Pander Timpel. Dit is bysûnder omt de timpel hast nea iepen is foar publyik De lêzings of presintaasjes sille oer de foarstellings gean of binne op oare wize keppele oan it festivaltema. Wêz op tiid, want it timpeltsje sit samar fol!
11 augustus 2008
Kultuer- en ynformaasje-ambassadeur foar it HSL en de sektor Ynformaasjebehear socht
De gemeente Ljouwert siket in kultuer- en ynformaasje-ambassadeur foar de funksje fan Sektormanager ynformaasjebehear / direkteur Histoarysk Sintrum Ljouwert foar 36 oeren yn 'e wike. Sjoch foar in wiidweidiger funksjeomskriuwing en de easken dër't potinsjele kandidaten oan foldwaan moatte op de side fakatueres fan de gemeentlike webside.
10 augustus 2008
Besikersoantal HSL lit eksplosive stiging sjen
It oantal besikers fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL) is yn 'e earste helte fan dit jier ferfjouwerfâldige yn fergeliking mei 2007. Op 1 july stie de teller op 8643 besiken. De spektakulêre groei is benammen te tankjen oan 'e fasiliteiten fan it nije HSL-gebou oan 'e Grienewei dat yn desimber offisjeel iepene waard. Ek op sneon- en sneintemiddei kin it publyk hjir no telâne. Mei troch de aktiviteiten op de sneintemiddei dy't meastentiids fergees binne lûke de wikeinen rûchwei sa'n 60 besikers. Mear ...
4 augustus 2008
Yndeks âld argyf foar in part beskikber steld
Goed twa jier ferlyn is út ein set mei de ynfier fan de 'papieren' fysje-yndeks op in grut oantal boarnen út it Ald Argyf fan de Stêd Ljouwert (sa. 1588 - 1811), by fêste besikers fan it ynformaasjesintrum ek wol bekend ûnder de namme Klapper 25. Yn 2006 hawwe twa enthousiaste frijwilligers in begjin makke mei de ynfier fan tsientûizenen fysjes dy't alfabetysk oardene binne op de foarnammen fan persoanen dy't neamd wurde yn it ferskate boarnemateriaal fan it Ald Stedsargyf fan Ljouwert. Mear ....
4 augustus 2008
Unike iepenstalling Blokhúspoart op Iepen Monumintedei
Op sneon 13 septimber sil yn it ramt fan de lanlike Iepen Monumintedei 2008 de âlde finzenis yn de Ljouwerter binnenstêd, de Blokhúspoart, iepenstald wurde foar it publyk. Fan tsien oant fiif oere binne besikers fan herte wolkom om dit markante gebou fan binnen te besjen. Sawol op de binnenpleinen as yn it gebou sels fine aktiviteiten plak. Sa is der muzyk en sil û.o. troch it HSL de skiednis fan it kompleks presintearre wurde. Mear ....
1 augustus 2008
Snein 10 augustus stedskuier om de aldehou hinne
Yn it ramt fan de seary fergees tagonklike aktiviteiten op de sneintemiddei fan it HSL wurde ek in stikmannich histoaryske stedskuiers ûnder lieding fan saakkundige gidsen organisearre. Takomme snein kin meidien wurde oan in nijsgjirrige kuier troch it noardlike part fan 'e binnenstêd. De kuier fiert û.o. lâns de Grutte Tsjerkestrjitte en it St. Antoany Gasthûs en de Grutte Tsjerke.
26 july 2008
Nj arrangemint Histoarysk Ljouwert
Stichting Praamvaren Leeuwarden, Museum De Grutterswinkel en Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL) binne okkerdeis út ein set met in arrangemint 'Histoarysk Ljouwert'. It arrangemint begjint yn De Grutterswinkel yn 'e Njestege mei kofje en in stik oranjekoeke. Yn dit smûke lytse museum, mei in orizjineel betiid-20ste-ieuske winkelsfear, krijt men in koarte rûnlieding. Mear ....
12 july 2008
Kursus stedsgids histoarysk Ljouwert slacht oan
Yn juny organisearre it HSL foar it earst de kursus stedsgids ‘Histoarysk Ljouwert'. De kursus is ornearre foar leafhawwers fan de Ljouwerter histoary dy't har op it gidsen talizze wolle of als gids of rûnlieder al aktyf binne. Under de dielnimmers wiene ûnder oaren frijwilligers fan de Aldehou, de Stichting Praamvaren en it HSL Mear ....
27 juni 2008
Ofskie Jan Folkerts fan It HSL en de gemeente Ljouwert
Op tongerseitemiddei 26 juny hat Jan Folkerts offisjeel ôfskie nommen fan kollega's en oare relaasjes binnen en bûten de gemeente Ljouwert. Ut namme fan de gemeente spruts gemeentesekretaris Carel Brugman in ôfskiedswurd. Hy ferfong dêrby wethâlder Yvonne Bleize dy't spitigernôch behindere wie om it offisjele part fan 'e resepsje by te wenjen. Op it alderlêste stuit seach hja dochs noch kâns om persoanlik ôfskie fan Jan Folkerts te nimmen. Ek Jan rjochte him yn in tankwurd ta de mear as 100 oanwêzigen.
24 juny 2008
Snein 29 juny lêzing oer Ljouwert om 1960 hinne
PAL/Grienlinks riedslid Piet van der Wal sil op takomme sneintemiddei 29 juny de lette jierren '50 en iere jierren '60 yn it ûnthâld bringe. Sa stadichjes oan begûn de nei-oarlochske generaasje him ôf te setten tsjin it festige establishment en waard brutsen mei âlde noarmen en wearden fan de foarige generaasje. In lêzing yn it ramt fan de sneintemiddeisaktiviteit Ferrassend Ferline.
16 juny 2008
Nacht fan 'e arsjitektuer op sneon 21 juny
De lanlike Dei fan 'e Arsjitektuer hat as tema: Arsjitektuer & Polityk. Yn Fryslân is besletten om te konsintrearjen op Duorsum Bouwe. Hoe fier binne wy yn Fryslân mei it fêststellen en ymplemintearjen fan doelen mei it each op duorsum ûntwikkelje en -bouwe? Is de beropsgroep sels ferantwurdlik foar feroaring of stelle de opdrachtjouwers (ûntwikkelders, korporaasjes, partikulieren) de grinzen fêst? Mear ...
9 juny 2008
Ljouwerter brêgen beljochte yn Museumhavenpublikaasje
Okkerdeis hat de presintaasje plak fûn fan de publkaasje De bruggen van Leeuwarden, in útjefte fan Museumhaven Ljouwert. Yn it prachtich yllustrearre wurkje wurdt op heldere wize de likernôch 1000-jierrige skiednis fan 'e Ljouwerter brêgebou beskreaun. It boekje is sawol te keap by de reguliere boekhannel as by it Histoarysk Sintrum Ljouwert. De priis is € 7,50.
6 juni 2008
Akteur Joop Wittermans in HSL oer de jierren fyftich
De bekende Tryater-akteur en toanielregisseur Joop Wittermans sil op snein 15 juny optrede yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert yn it ramt fan de manifestaasje oer de Lange Jierren Fyftich (1950-1965) yn Ljouwert. Nei eardere bydragen oer de jierren fyftich yn Amearika en Nederlân is no Fryslân oan bar. Wittermans ferfangt de regisseur Pieter Verhoeff dy't troch útrinnende opnamen foar syn nije spylfilm De Brief van de Koning behindere is. Mear ...
5 juny 2008
Pier Pander Werom Yn 'e Tún
It Pier Pander Museum en de timpel mei deselde namme binne yn 'e moannen juny, july, augustus en septimber wer iepen op freed-, sneon- en sneintemiddei fan 13.00 oant 17.00 oere. De timpel is situearre op it heechste part fan de Prinsentún, de eardere Aldehouster- of Noardertwinger. It lytse Pier Pander Museum leit ek yn de Prinsentún. Men is fansels wer tige wolkom.
3 juny 2008
Berneäktiviteit snein 1 juny yn HSL
Op snein 1 juny brochten twa Ljouwerters fan froeger in besite oan it Histoarysk Sintrum Ljouwert. It wiene soldaat Hendrick en boerinne Hieke. Beide wiene út 'e tiid fan 350 jier ferlyn, doe't Ljouwert noch in festingstêd wie. Hja holpen bern fan 8 oant en mei 12 jier by it meitsjen fan in speurtocht yn de eksposysje It ferhaal fan Ljouwert. Mear ...
3 juny 2008
Boargemaster Crone ûntfangt boek Grutte Tsjerke
Op woansdeitemiddei 28 maaie is troch auteur Bernhard van Haersma Buma it earste eksimplaar fan it boek Grote of Jacobijnerkerk te Leeuwarden - Historie en architectuur van een kloosterkerk oan boargemaster Ferd Crone oanbean. Het boek is te keap fia de Ljouwerter boekhannel en yn neamde tsjerke.
28 maaie 2008
Snein 1 juny: in oare kyk op 'e stedsskiednis
Spesjaal foar bern fan 8 oant 12 jier presintearret it HSL yn it ramt fan de sneintemiddeisaktiviteit Ferrassend Ferline de nije 'Speurtocht' foar bern by de fêste eksposysje It Ferhaal fan Ljouwert. Yn de speurtocht binne ferskillende Ljouwerters fan eartiids ‘ta libben' brocht, dy't de bern in ferskaat oan opdrachten meitsje litte.
19 maaie 2008
Tiisdei 27 maaie Histoaryske Jûn oer Nijlân
Wat stie der foar sa. 1960 yn dizze omkriten? Wat is de eftergrûn fan de strjitnammen yn dizze wyk. Hoe wie it om yn 'e jierren '60 en '70 yn Nylân te wenjen? Op dit soarte fragen sil op dizze jûn antwurd jûn wurde troch Klaas Zandberg fan it HSL en Nijlânkenner William Lord. De bydragen sille opfleurd wurde mei dia's fan âlde foto's en inkelde filmfragminten.
15 maaie 2008
Museumhaven-evenemint 'Wal + Skip' op 31 maaie
Fan 'e kaden fan 'e stêd ôf sil it in spektakulêr gesicht wêze om de skippen, efterstefoaren de Museumhaven yn te manoeuvrearjen. Beurtfarders, aken, tsjalken, skokkers en sleepboaten, alles sil der wer by wêze op dizze bjusterbaarlike feestei yn 'e Museumhaven Ljouwert, mei as pronkstik de histoaryske Stânfries X. Mear...
15 maaie 2008
18 maaie iepen dei hofke ‘De Lyndenhof' yn 'e Minnemastrjitte
De feriening fan eigners fan it hofke De Lyndenhof oan 'e Minnemastrjitte yn Ljouwert sil op sneintemiddei 18 maaie in feestlike iepen dei organisearje. Yn dit hofke binne twa gemeentlike monuminten en ien ryksmonumint kombinearre mei trije moderne gebouwen en in nij ynrjochte binnentún. Mear ... .
8 maaie 2008
Sneintemiddei 18 maaie: films út Ljouwerteradiel
Yn it ramt fan de sneintemiddeisaktiveit Ferrassend Ferline sil it HSL yn oparbeidzjen mei de Dokumintaasjestifting Ljouwerteradiel op sneintemiddei 18 maaie om 14.00 oere filmmateriaal út 'e tweintichste ieu út 'e doarpen fan de tsjintwurdige gemeente Ljouwerteradiel sjen litte. De tagong is fergees.
7 maaie 2008
Oarlochsaffysjes HSL no ek digitaal beskikber
Ien fan de moaiste samlingen affysjes út 'e Twadde Wrâldkriich yn Nederlân is okkerdeis digitalisearre. Sûnt ferline wike binne goed 1400 affysjes út de jierren 1937 -1948 beskikber fia de byldbank fan it HSL. Dit projekt koe realisearre wurde troch gearwurking mei û.o. it Ministearje fan VWS en it NIOD yn it ramt fan it Programma Erfguod fan de Oarloch. Mear ...
6 maaie 2008
Ekstra foarstellings 'Zelle' fan Tryater útferkocht
Alle ekstra foarstellings fan Zelle yn april en maaie fan Tryater binne útferkocht. Tryater sjocht of der noch ekstra foarstellings spile wurde kinne. Wolle jo op de wachtlist? Stjoer dan in e-mail mei jo namme en adres nei zelle@tryater.nl. Lês ek it artikel Sodom en Gomorra oer dumny Zelle dat Bearn Bilker foar it tiidskrift Leovardia skreaun hat.
6 maaie 2008
Woansdei 7 maaie lêzing 'De vele gezichten van de Jaren vijftig'
Op woansdei 7 maaie organisearret it Histoarysk Sintrum Ljouwert in lêzing yn it ramt fan de jierren fyftich-manifestaasje Leeuwarden in de luwte. Op dizze jûn sil Ed Taverne fertelle oer de ferskate gesichten fan de jierren fyftich. Ed Taverne is emeritus-heechleraar keunstskiednis yn Grins. Mear ...
28 april 2008
Amtskeatling boargemaster Crone Ljouwert feilich yn nije ferpakking
Op 24 april hawwe boargemaster Ferd Crone en wethâlder Marga Waanders in wurkbesite brocht oan Fleanbasis Ljouwert. Nei in rûndlieding oer de fleanbasis krige boargemaster Crone út hannen fan de kommandant fan 'e fleanbasis Kolonel-fleaner Anton den Drijver in houten kistje. Mear ...
22 april 2008
Jan Folkerts ferLit HSL foar de gemeente Littenseradiel
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Littenseradiel hat de hear Jan Folkerts út Ljouwert beneamd ta harren nije algemien direkteur/gemeentesiktaris. Hy is de opfolger fan Henri Meijering dy't per 1 maaie gemeentesiktaris wurdt yn de gemeente Snits. De hear Folkerts sil begjin augustus yn syn nije funksje út ein sette. Mear ...
14 april 2008
Film oer Ljouwerter toararollen
The Scrolls of Leeuwarden is in Amerikaanske dokumintêre fan Lasar Dunner út 1966. De dokumintêre fertelt it ferhaal fan de Toararollen fan de nei 1945 desimearre Joadske mienskip yn Ljouwert, dy't de oarloch oerlibbe hawwe en by eintsjebeslút yn 1965 mei de rest fan 'e ynboel fan de Ljouwerter sjoel telâne kamen yn 'e nije synagoge fan de delsetting Kfar Batya yn Israel. De film duorret likernôch 27 minuten. De Ingelsktalige (net-ûndertitele) film wurdt op tongersdei 17 en freed 18 april 2008, de middeis om 14.00, 15.00 en 16.00 oere fertoand yn 'e Eekhoffseal fan it HSL. Dit yn it ramt fan it Jiddysk Festival fan ús kollega's fan Tresoar. De tagong is fergees. Mear ...
11 april 2008
Renée van Bezooijen krijt Eekhoffpriis
De Eekhoffpriji 2008 is takend oan taaloûdersykster Renée van Bezooijen. De fjouwerjierlikse priis fan de gemeente Ljouwert foar lokaal-histoarysk ûndersyk is op freedtemiddei 11 april in it Histoarysk Sintrum Ljouwert oan har útrikt. Van Bezooijen krijt de priis foar Het Raadsel van de ratelaar (2006), har boek oer de útspraak fan de ‘r' yn it Ljouwertersk en it Frysk. Sjoch ek it sjueryrapport. De Eekhoffpriis bestiet út in oarkonde en in bedrag fan € 2275. Renée van Bezooijen is yn 1952 berne yn it Belgyske Kortrijk. Yn Nijmegen hat hja Frânsk en algemiene taalwittenskip studearre. Mear ...
8 april 2008
Fotoboek oer LJouwert yn 'e Lange jierren '50 ferskynd
Op freedtemiddei 4 april is troch Peter den Oudsten, âld-wethâlder fan Ljouwert en tsjintwurdich boargemaster fan Enschede, de fotoútstalling Leeuwarden in de luwte iepene. Op 10 desimber 2004 waard troch him de wichtige foto- en negativesamling fan syn heit, de Ljouwerter fotosjoernalist Bas den Oudsten (1927-1989), oerdroegen oan it HSL. Nei oanlieding fan dizze útstalling is der troch Friese Pers Boekerij ek in fotoboek oer Ljouwert yn 'e lange jierren fyftich (1950-1965) útjûn. Het earste eksimplaar waard troch gearstaller Tsjalling Venema fan Friese Pers Boekerij oan Den Oudsten útrikt. Bsjoch hjir in lytse digitale eksposysje fan it wurk fan Bas den Oudsten.
4 april 2008
Start Jierren '50 Manifestaasje
Mei de iepening op freed 4 april fan de útstalling Ljouwert yn 'e lijte fan foto's fan Bas den Oudsten út 'e perioade 1950-1965 is in manifestaasje oer de lange jierren '50 yn Ljouwert en dêrbûten út ein set. Der sille tal fan aktiviteiten om dit tema hinne organisearre wurde. Neist de útstalling is troch Friese Pers Boekerij ek in fotoboek mei foar in protte minsken in heech 'Och heden ja' gehalte oer Ljouwert yn 'e fyftiger jierren útjûn. It earste barren yn it ramt fan dizze manifestaasje sil in lêzing mei as titel Jayne Mansfield yn 'e polder wêze dy't op snein 6 april de middeis om 14.00 oere holden wurde sil. Mear ...
29 maart 2008
'Produkt Vondeling' wie net langer te ferkeapjen
De nije biografy fan Anet Bleich oer Joop den Uyl jout yn it foarbygean ek in nijsgjirrige fisy op de karriêre fan de bekende Ljouwerter PvdA-politikus Anne Vondeling (1916-1979). Anne Vondeling makke neffens Bleich as listlûker nettsjinsteande it ferlies fan de Partij van de Arbeid by de Twadde Keamerferkiezings yn 1963 op in protte minsken in ferfrissende yndruk, foaral omt er net ôfkearich wie fan relativearring en irony. Yn it roomsk-reade kabinet Cals (1965-1966) waard Vondeling fice-premier en minister fan finânsjes, doch krekt likemin as Cals sels hied er ienige finansjeel-ekonomyske oplieding. Mear ...
25 maart 2008
Sneon 5 april De wierheid oer de Aldehou
Hawwe jo de Aldehou ek alris by jûntiid beklimme wold foar in hiel oare kyk op nachtlik Ljouwert? Dan is dit jo kâns! Yn it ramt fan it Museumwykein mei as tema De Keunst fan de Wierheid organisearret it Histoarysk Sintrum Ljouwert op sneon 5 april in ferrassende jûnsaktiviteit op en om de Aldehou hinne. De tagong is fergees, dochs opjefte fantefoarren by it HSL is ferplicht. De jûn begjint om 20.00 oere yn it HSL mei in koarte presintaasje, folge troch de beklimming. Lês hjir mear oer it folsleine programma fan alle dielnimmende ynstellings oan it Museumwykein De Keunst fan de Wierheid yn Ljouwert.
10 maart 2008
'Ferrassend ferline' yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert
It Histoarysk Sintrum Ljouwert is begjin maart mei in nije seary aktiviteiten op de sneintemiddei út ein set ûnder de titel Ferrassend Ferline. Om 'e oare snein wil in bysûnder ûnderwerp út de stedsskiednis yn in koarte presintaasje of lêzing (fan maksimaal in heal oere) beljochte. Fierders kin men alle sneintemiddeis telâne foar in rûnlieding lâns de fêste útstalling It ferhaal fan Ljouwert en films út 'e perioade 1920-1980. Sûnt 2 maart stiet dus no ek om 'e oare wike Ferrassend Ferline op it programma. Mear ...
5 maart 2008
Dokumintêre East Meets West yn HSL oer earste westerske frou yn japan
Yn it ramt fan de Frouljuswike 6 o/m 16 maart, organisearje it HSLen Aed Levwerd op tongersdei 13 maart in jûn oer Titia Bergsma mei as titel East meets west. René Bersma fertelt oer dzzze earste westerske frouw yn Japan, dy't yn 1786 yn Ljouwert berne waard. Op dizze jûn sil de dokumintêre oer de syktocht nei dit fiere famyljelid fan Bersma sjen litten wurde. Oanslutend sil er nei it skoft ynterviewd wurde troch histoarika Corien Rattink. Yn 1970 troude de yn Nederlân berne Kanadees en earder diplomaat Bersma syn Japanske frou. Hy ûntwikkele in sterke bân mei Japan. Mear ...
28 febrewaris 2008
NGV-Lêzing oer de Tsiendeiske Fjildtocht fan Hessel Brolsma
Op sneon 8 maart sil Ulke Hessel Brolsma in lêzing hâlde oer de Tsiendeiske Fjildtocht - de militêre operaasje yn België fan 2-12 augustus 1831 fan it Nederlânske Leger ûnder befel fan de prinsen Willem en Frederik en hartoch Bernard van Saksen-Weimar. De tocht waard holden op lêst fan kening Willem I om de Belgyske Opstân del te slaan. Hessel Brolsma fan Stiens hat der oan mei dien. Troch it stjoeren fan brieven brocht er syn âlden op 'e hichte. Ulke Brolsma hat der in boek oer skreaun en sil hjiroer fertelle. Ek sille der boeken te keap wêze oer de fjildtocht. Mear ...
25 febrewaris 2008
Opname 'Leeuwarden Toen' mei Cor Boonstra Yn HSL
Foar it radioprogramma Leeuwarden Toen fan L.O.V. Mercurius sil op freedtemiddei 29 febrewaris om 14.00 oere yn it HSL de yn 1938 yn Ljouwert berne âld-Philipstopman Cor Boonstra ynterviewd wurde troch Ad Fahner en Jes Wassenaar, yn 'e folksmûle gauris as it ûnôfskiedlike duo 'Knabbel & Babbel' neamd. Doe't Cor sa'n 16 jier wie stoppe der foar de tiid mei syn stúdzje oan 'e HBS en kaam er yn tsjinst fan Unilever, dêr't er ûnder oare wurke oan 'e omfoarming fan it ûnderdiel de Zuivere Handel Maatschappij ta S.R.V. Mear ....
22 febrewaris 2008
DVD 'De IJzeren Heinen' te keap by it HSL
Fanôf 22 febrewarsi is de dvd De IJzeren Heinen te keap foar € 7,95 yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Op dizze dvd kinne jo trije oeren genietsje fan twa seizoenen IJzeren Heinen. Boppedat steane der op dizze dvd inkelde bloopers en wurdt by in tal ôfleverings persoanlik kommintaar jûn troch Auke en Jan Visser sels. In twa seizoenen Man Bijt Hond fan de NCRV binne dizze echte Ljouwerters útgroeid ta wiere tillevyzjehelden. Foarich jier kaam it lan yn'e kunde mei de bruorren Jan en Auke Visser, tsjintwurdich better bekend as de IJzeren Heinen. Mear ...
8 febrewaris 2008
Ljouwerter delegaasje iepenet Pier Pander-ekspo yn Rome
Op 7 febrewaris is de útstalling Pier Pander Scultore Olandese a Roma iepene yn it Museo Henrik C. Andersen - ûnderdiel fan Galleria Nazionale d’Arte Moderna - yn Rome. It is de alderearste grutte eksposysje oer it wurk fan Pander yn Itaalje. In delegaasje fan bestjoerders út Ljouwert - wethâlder fan kultuer Yvonne Bleize, direkteur Cees an 't Veen fan it Frysk Museum en Jan Folkerts, direkteur fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert - wiene oanwêzich by de iepening. De iepening fûn plak yn oanwêzigens fan de Nederlânske ambassadeur yn Itaalje, de hear mr. E.F. Jacobs. Mear ...
7 febrewaris 2008
Studinten 'heritage tourism' wurkje oan stedskuiers
Okkerdeis hat in groep fan 25 ynternasjonale studinten fan de Stenden University (foarhinne de CHN) op it HSL in yntroduksje en rûnlieding krigen yn it ramt fan in troch harren te folgjen learmodule 'heritage tourism'. De earste praktyske opdracht sil it opsetten fan tematyske stedskuiers (of mooglik in fyts- of boattocht) wêze. De kommende wiken sille de studinten it ynformaasjesintrum fan it HSL in wikseljende groepen besykje om ûndersyk te dwaan.Yn eltse groep sil ien studint sitte dy't de Nederlânske taal behearsket.
7 febrewaris 2008
Bouplaat en guozzebrief fan Aldehou
It HSL hat in nije bouplaat fan de Aldehou en byhearrend guozzebrief ûntwikkele. It materiaal sil op takomme tiisdei 12 febrewaris foar it earst brûkt wurde troch learlingen fan groep 5/6 fan Kristlike Basisskoalle de Arke yn Wurdum. De bouplaat en it guozzeboerdspul hearre by it erfguodedukaasjeprojekt ‘Ondersteboven van de Oldehove'. By dit programma komme learlingen fan 8 oant 10 jier mear te witen oer de skiednis fan de Aldehou en de stêd Ljouwert. Mear ...
31 jannewaris 2008
Protte belangstelling foar lêzing Prof. dr. Herman Pleij
Ofrûne woansdei 30 jannewaris hat Prof. dr. Herman Pleij, heechlearaar histoaryske Nederlânske letterkunde oan de Universiteit fan Amsterdam, yn 'e Eekhoffseal fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert tsjinoer sa'n 70 belangstellenden ûnder oare fertelle oer de ûntjouwing fan stedden. Yn it skoft wied er de mooglikheid om syn nije boek Het gevleugelde woord. Geschiedenis van de Nederlandse literatuur, 1400-1560 troch himsels sinjearje te litten.
29 jannewaris 2008
Ljouwerter skilders yn Gouden ieu: mear en better as tocht
Bestie de Fryske skilderijeproduksje yn 'e Gouden Ieu wier benammen út portretten? Wiene yn Fryslân allinne de eallju ynteressearre yn skilderijen? Kloppet it dat de skilderkeunst yn Fryslân sûnt it ferstjerren fan Wybrand de Geest sawol artistyk as ekonomysk in sieltôgjend bestean late? Neffens it hjoeddeiske byld wol, dochs mei de op 29 jannewaris mei sukses ferdigene dissertaasje hat de oorspronklik út Easterwâlde ôfkomstige Piet Bakker oerdúdik sjen litten dat dit byld net langer as akkuraat jilde mei. Mear ...
16 jannewaris 2008
Staazje by it HSL, twa foarbylden út 'e praktyk
Femke Varkevisser folget har leerbedriuwmodule by it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Se wurdt der begelaat troch fjirdejiers studinte Jitske Hiemstra, dy't by it HSL har einstaazje rint. Femke hat it tige drok hân mei de oranisaasje fan de iepen dagen nei de offisjele iepening op 30 novimber fan it ferline jier. It nijjiersslokje waard ek troch har organisearre. It HSL rjochtet him op nije doelgroepen sa as studinten, toeristen, en basisskoallen. Spesjaal foar dizze lêste kategory hat se in poster ûntwurpen. It wurk yn it HSL befalt poerbêst. "Ik fermeitsje my dêr dat it slydjaget. De wurksfeer is goed. Ik fiel my hjir op myn plak". Mear ...
16 jannewaris 2008
Pier pander: de lêste kâns
Noch in pear dagen en der komt in ein oan de Pier Pander Manifestaasje. Dizze sette út ein op 1 juny 2007 en hat inkelde tsientûzenen besikers lutsen, dêr't in protte fan ek it Pier Pander Museum besocht hawwe. Dit museum wurdt sûnt 1 jannewaris 2007 beheard troch it HSL. Op snein 20 jannewaris om 17.00 uur sil it Pier Pander Museum oant de simmer de doarren slute. In part fan de kolleksje sil fan 7 febrewaris ôf útstald wurde yn it Museo Andersen yn Rome. Wol men de ekposysjes yn it Frysk Museum en it Pier Pander Museum noch besjen dan moat men dus avesearje ...
10 jannewaris 2008
Nijjiersslokje histoarysk Ljouwert Drok besocht
It tradisjonele nijjiersslokje fan it HSL tegearre mei de Ljouwerter Histoaryske Feriening Aed Levwerd en Monumintesoarch op 9 jannewaris koe foar it earst ûnder eigen dak holden wurde. Likernôch 370 belangstellenden út Ljouwert en fiere omkriten fûnen elkoar wer op dit - dêr't in protte besikers op oan wolle - 'meast smoute nijjiersslokje' fan 'e stêd. It ferskate fermidden waard wolkom hjitten troch Jan Folkerts, direkteur fan it HSL. Mear ...
3 jannewaris 2008
Utstalling ‘Tusken park en plein'
De earste wikselútstalling yn it nije Histoarysk Sintrum Ljouwert hat de namme tusken park en plein mei krigen en is wijd oan 'e skiednis fan it eigen plak, de âlde Steds Tuskenskoalle en neiste omkriten, dy't mear as 500 jier werom giet. Dizze eksposysje kin oant 23 maart besjoen wurde. Nijsgjirrich is dat der op dizze eksposyse ek inkelde argeologyske fynsten presintearre wurde. Sjoch foar in wiidweidiger taljochting ek by de skiednis fan gebou en plak.
